Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 maaie 2004 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), W.F. Ekas (GBL), F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalders: de hearen J.W. Admiraal en J.S. Keizer. Foarsitter: boargemaster E.J. ter Keurs. Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: de hear B. Lageweg (GBL). 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. 2. Ynsprekrjocht boargers Der wurdt gjin gebruk fan makke. 3. Fragehealoere riedsleden De hear Elgersma (GBL): Flat ffagen oer de 4 maaiebetinking hi tal riedsleden hat meirun op de stille tocht op 4 maaie. De deaden koenen net yn alle rest betocht wurde. Fan de sudkant fan de Langebuorren wie der oerlest fan ferkear. Yn it ferline wie der plysjetafersjoch. No waard it dranghek oan de kant skood en ried it ferkear troch. Werom is it kolleezje ophalden mei ynset fan de plysje en hoe wol it kolleezje dit oppakke om dit yn de takomst tefoaren te kommen? Hat ek in ffaach oer de blomstikken en de kransen. Hy is troch ferskate minsken oansketten dat dy al frij gau ferdwun wienen. In amtner hat utlein dat nei twa dagen de blommen der weihelle binne. Omdat de jeugd der oars mei fuort gean soe. Blommen binne langer haldber (ien/twa wiken). Is der in protokol foar sa'n oangelegenheid? En as it der net is soe it kolleezje der dan foar soargje kimie dat it der komt? Is it net mooglik om de krans en de blommen minimaal ien wike lizze te litten? De foarsitter: Het zou verstandiger geweest zijn als de vragen van tevoren bekend waren geweest. De hear Elgersma (GBL): Der mei ek skriftlik antwurd jun wurde. De hear Busser (GBL): It giet om de troulokaasje fan de tsjerke yn Britsum. Lest yn de krante dat it inisjatyf no komt fan de stichting Aide Fryske Tsjerken. Werom is der doe neat mei de suggestje fan GBL dien? En wat is de stan fan saken no? De foarsitter: Het is evident dat het college achter de gemerkte opmerkingen over de 4 mei- herdenking staat. Het is niet zo dat het college gestopt is met inzet van politie. Het zal volgend jaar beter geregeld worden. Heeft begrepen van de trouwlocatie dat het nu verschillend is met

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 5