GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 23 septimber 2004 Oan de Gemeenterie Hjirby noegje ik jimme ut om de riedsgearkomste fan 30 septimber 2004 by te wenjen. De gearkomste wurdt halden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. Nei slutingfan it iepenbiere diel fan 'e gearkomste wurdt yn in besletten gearkomste it ferslach foarlein fan de besletten gearkomste fan 27 maaie 2004. De boargemaster, Drs. E. J. Ter Keurs 1. Iepening 2. Feststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Feststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 8 july 2004 6. Ynkommen stikken en meidielings 2004/55 Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel 7. Presintaasje oer de eftergrun en it proses fan it wenplan troch it buro KAW Architecten en Adviseurs. Kest 14. Boargers kinne mei-inoar 30 minuten it wurd fiere oer underwerpen dy't op 'e aginda steane. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste mei de griffier bepraat hawwe. Kest 37. Riedsleden dy't oer beskate underwerpen fragen stelle wolle, moatte dat op syn lest oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste mei de foarsitter bepraat hawwe Neffens de ofspraken kinne tekstwizigings oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste trochjun wurde by de griffier. Neffens de ofspraken dy't makke binne kin in riedslid oant 24 oere foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurd fiere wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 3