har jild hawwe, dat is de earste prioriteit. De Wet Wurk en Bystan hat hiel wat tiid en ynset frege. Men hat in memo krige oer in syktepas. Hy jout ta dat it him net slagge om op 16 septimber mei in goed underboud foarstel yn de kommisje te kornmen. Men moat ek sjen hoe't it yn de bedriuwsfiering past. Men hat him fersekere dat yn 2005 dy fersekeringspas der komt. Hy hopet yn november mei in foarstel oer de bisundere bystan te kommen. It giet ut fan 100% fan de bystansnoarm. By ferromming wit men it volume net en men hat der in protte wurk fan. De syktekostefersekering slut by Noardwest- Fryslan oan. Yn 2004 is der neat bysunders dien oan de bysundere bystan. Men kin eventueel de regeling (sprokkelregeling) mei 1 january 2004 yngean litte. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Is bliid mei it antwurd op de leste ffaach. It is spitich dat de minsken oant 110% fan de bystansnoarm der buten falle omdat dy faak fan in tal regelingen net gebruk meitsje kinne. Fynt it net korrekt dat de wethalder him ferskulet achter de wurkdruk fan de amtners. It CDA hat in idee oan de han dien om it (de kollektive syktekostefersekering) binnen 6 wiken regelje te kinnen. Wethalder Admiraal: De direkteur fan de tsjinst l^at der in oare fisy op. Men hat goed oer de mooglikheden foar in regeling foar minsken oant 110% fan de bystansnoarm praat. De hear Doting (WD): De kuorbalferienings CSL en Mei Nocht en Wille binne konfronteard mei in taryfferheging fan 175% foar it gebruk fan de sporthallen nei 18.00 oere. Dat giet fierstente fier. Men kin net op dizze wize mei de ferieningen omgean. De VVD-fraksje stelt foar om de tariven jierliks mei net mear as 50% te ferheegjen. Wethalder Keizer: De ried hat it beliedskader foar it sportkompleks goedkard. De kosten der dellizze der't dy makke wurde. De beskikbere romte tusken 8 oere moams en 6 oere juns sa goed mooglik brake. It hat der ta laat dat it oeretaryf fan 19.30 nei 20 gien is. Juns is der in taslach fan 35. It foarstel fan de WD giet nei 62.50 de oere yn 2,5 jier. De hear Doting (WD): Sa hat er it net bedoeld. It giet derom dat it restiger ynfierd wurdt. Dan kinne de ferienings har der better op tariede. Wethalder Keizer: Der is oerlis yn de betide simmer tusken bedriuwslieder en de ferieningen oer it roaster. Dat is betiid genoch om op wizigins yn te gean. 5. Feststelling fan it ferslach fan de gearkomste fan 8 july 2004 De hear Dijkstra (FNP): Op side 5 moat de sin 'De earste 6 punten binne socht yn de besteande romte' wizige wurde yn 'By de earste 6 punten is de romte socht yn de begrutting'. Wethalder Keizer: Wol by punt 5 by de meidieling oer de priis foar G04-SPORT der noch oan taheakje dat it by de priis hearende keunstwurkje yn de fitrine yn it gemeentehus stiet en dat it nei in jier ruleare sil nei de oare gemeenten. De foarsitter: Met deze wijzigingen wordt het verslag goedgekeurd en vastgesteld. 6. Ynkommen stikken en meidielings Wethalder Admiraal: Der hat in enkete op de bradery west oer it wenjen yn de gemeente. 35% fynt Stiens grut genoch en 65% fynt dat Stiens noch groeie mei; 83% fynt dat ek yn de butendoarpen boud wurde moat. De helte fynt dat der wol boud wurde kin op iepen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 7