Skiednisboeken steane fol fan soksoarte superieure hannelswizen. Hoe't ien en oar beteare sil foar us gemeente, dat is noch net bekend, mar skiednisboeken jouwe yn'e regel ek de oplossings foar minder fleurige saken, en dat stelt je dan wol gerest. In oar fenomeen der't us gemeente mei fan dwaan hat is de saneamde programbegrutting. Foar de ried, mar ek it kolleezje, is it de earste kear dat de begrutting yn'e foarm fan in programbegrutting plak fynt. As de opset no wol alhiel neffens it duale bestel gien is, kinne je ffaachtekens by sette, lykwols de trein is yn beweging set en underweis sil der fest noch wol it ien en oar by komme. Dochs betsjut it ien en oar wol wat foar de ried, want de ried krijt net langer mear details under eagen te sjen. Der moat no nei de grutte line sjoen wurde, dat is ek in goede saak, want de ried moat him net dwaande halde wolle mei: hjir in plankje oanbringe, der in tegel xjocht lizze en eame oars al of net in oerke byplakke. Nee, der redt it kolleezje him wol mei. De begrutting op haadlinen.De begrutting fan 2005 is yn grutte linen neffens it niisneamde prinsipe opset; it litgongspunt derby wie de begrutting fan 2004, mei oare wurden de begrutting fan 2005 lit yn earste opset gjin ofwikings sjen fan dy fan 2004. Negative Haachske ynfloeden hawwe der ta laat dat der ombugings dien wurde moasten om de kommende begrutting wer slutend te krijen. Middels in kademotysje hat de ried it kolleezje mei in ijochtingjouwend advys op paad stjoerd om sa'n 400.000,= Euro boppe tafel te krijen op in begrutting fan sa'n 10.000.000,= Euro. It kolleezje is der yn slagge, want de begrutting dy't presintearre wurdt lit sjen dat: 1de begrutting slutend is, 2. der in ffije bestegingsromte (oerskot) is fan krapoan 40.000,= Euro (dit is sunder it foardieltsje fan de septimbersirkulere, dat is nochris 40.000,= Euro) 3. der in ynfestearringsplan is fan sa'n 115.000,= Euro Foarsitter, it globale byld fan de begrutting is sa't dy weze moat, se foldocht oan de utgongspunten en de kademotysje is der yn ferwurke. In hammerslach? Foarsitter, as it oan de FNP leit dan is it antwurd: Nee! Kademotysje.By de behanneling fan de kademotysje, om sa'n 400.000,= Euro boppe tafel te krijen, spile him ftjemde saken of. Wat wol no it gefal, yn earste ynstansje wie it de bedoeling om 100.000,= Euro ut de reserves te heljen en foar 300.000,= Euro ombugings te dwaan. Tidens de gearkomste fun de mearderheid, GBL en it CD A, dat der op foarhan mear jild ut de reserves helle wurde moast. De grutste partij fun dat dat 100.000,= Euro weze moast, de oare miende dat mei in dikke 50.000,= Euro de beurs op foarhan lichter makke wurde koe. Foar it kolleezje is soks aardich te witten dat de mearderheid fan de ried it kolleezje mei in advys op paad stjoere wol mei de sekerheid dat der in "douceurtje" klear leit foar ja, foar wa eigentlik? Sjogge jo nei de utkomst fan de begrutting, dan docht yndied bliken dat der foar 100.000,= Euro mear ut de reserves helle is. It kolleezje hat it boadskip fan GBL en it CDA blykber goed begrepen en hat der fansels-sprekkend gebruk fan makke. Sjoch, as je ien in woarst foar halde, moatte je net fijemd opsjen as der ek yn dy woarst biten wurdt. It soe hiel nayf weze as soks net barre soe; sterker noch, it soe sels tige stom fan dy partij weze dy't de woarst foar de noas krijt om der net yn te biten. GBL hie de ekstra 100.000,= Euro foar "het lenigen van de pijn", it CDA fun dat om reden fan produktofspraken (meaijierrige oerienkomsten) by sawol de bibleteek as Welzijn Middelsee gjin besunigings plak fine koene. Sjogge jo wer nei de utkomst fan de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 13