begrutting dan is dy 100.000,= Euro net brukt by Welzijn Middelsee en ek net by de bibleteek. Om yn GBL-termen te praten, wa hat no minder pine krigen? It kolleezje? Ja, it kolleezje hat troch de mearderheid fan de ried in dofke jild krigen om dermei troch de simmer te kommen, in aardich fakansjesintsje. Hoe sil de opstelling fan GBL en it CD A no weze, mei de wittenskip dat de "de pijn noch steeds niet gelenigd is"? As jo butendoar binne, dan kinne je konstateaije dat yn dizze tiid fan it jier de bleden losser oan'e beam hingje en harren omraak omkeare, soe dat meskyn in sein weze oan GBL en it CDA? Soe it ek mooglik weze kinne dat sy sizze: "Wy binne no ienris de wei ynslein foar ekstra jild ut de reserve, it doel is net slagge, dus moatte wy nochris in berop dwaan op reservejild". Soks makket polityk sa ynteressant, is't net sa? Foar de skreaune media is dit ek hiel nijsgjirrich, wat sille sy dizze kear skriuwe? Ien en oar sil test te merkbiten weze by de amendeminten oan'e ein fan de begruttings- behanneling. Begrutting op underdielen.By de rekapitulaasje fan de begrutting en it ynfestearringsplan 2005-2008 fait op dat der foar: A. 200.000,= Euro lit de reserves helle wurdt, B. 115.000,= Euro de ynfestearringslest is, C. 80.000,= Euro frij beskikber is, dit is ynklusief foardiel septimbersirkulere. De fraach hjirby is, hoe reeel binne dizze sifers yn hichte en yn tiid? Moatte de ambysjes fan sawol kolleezje as ried ek noch bysteld wurde? Foarsitter, as it oan de FNP leit dan is it antwurd: Ja! Welzijn Middelsee en de bibleteek. Sjogge wy nei de utkomsten fan de kademotysje, dy't ferwurke binne yn de begrutting, dan fait op dat de ombugings bij Welzijn Middelsee en de bibleteek 10% op de subsydzjes binne. As de utgongspunten yn de subsydzjesystematyk by beide ynstellings gelyk binne, dan wurde beide ynstellings evenredich en dus rjochtfeardich beleste. De fraach is natuerlik: "Is dat wol sa". Foarsitter, de utgongspunten binne bij beide net gelyk, en dus kin der net praat wurde fan ijochtfeardige besunigings. De wurkbegrutting dy't it kolleezje ta syn beskikking hat, toant yn grutte linen oan: Welzijn Middelsee: gjin husfestingskosten bibleteek: wol husfestingskosten gjin underhaldskosten wol underhaldskosten gjin oare kosten wol oare kosten Troch de ynstellings mei 10% te besunigjen op de subsydzje unstiet der in ljochtsungelikensens yn de besuniging. Welzijn Middelsee krijt al jierren in unsichtbere subsydzje fan sa'n 140.000,= oant 150.000,= Euro yn it jier.(de unsichtbere subsydzje fan husfestings-, underhalds- en oare kosten) Foarsitter, us tinkt dat de foarstelde besunigingsoperaasje rjochtfeardiger opset wurde moat. Derom komt de FNP mei stipe fan de PvdA mei 2 amendaminten op de begrutting; ien foar Welzijn Middelsee en ien foar de bibleteek. (ien en oar is ek noch neffens de letter en de geast fan GBL en it CDA) Boppedat tsjinnet de FNP mei stipe fan de PvdA in moasje yn om de sifers op sawol riedsnivo as op kolleezjenivo, oangeande de jilden en jildstreamen ynsichtlik te krijen wannear de ried te set sil oer de takomst fan Welzijn Middelsee en de bibleteek by de kaderbesprekkings it kommende foaijier. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 14