Sintrumplan en Alvestedenrute. Wat us ek opfalt foarsitter, is hoe't it ynfestearringsplan yninoar sit. Moat de prioritearring en de jierlesten fan de ynfestearrings wol sa yninoar sitte sa't se no presintearre binne, of soe it ek in bytsje oars kinne sjoen de utgongspunten by de kaderstelling. By de kaderstelling wie it de bedoeling dat ffanjesaken in legere prioriteit hawwe soenen yn de utfiering dan needsaaklike gefallen. Sjogge wy bygelyks wat de prioriteit fan it sintrumplan is yn ferliking mei dat fan de Alvestedenrute yn earste ynstansje, dan hat it kolleezje de yntinsje by de kaderstelling blykber net goed begrepen. Yn twadde ynstansje, dat wol sizze nei de riedsgearkomste fan 2 wiken lyn, komt it kolleezje mei in nij foarstel, dat mear ijocht docht oan de kaderstelling. It sintrumplan hat no in grutter belang dan de Alvestedenrute. Dochs, is der noch wol it ien en oar krum oan de presintaasje fan de Alvestedenrute, want wy prate noch jimmeroan net oer in plan. Oars sein, ynsjoch yn'e krinten en de resinen mar gjin byld fan de keek as gehiel. Utwreiding gemeentehus. In oare saak is de utwreiding en werymjochting fan it gemeentehus. No't us gemeente dwaande is taken buten it gemeentehus te bringen, lykas it underwiis nei it nije underwiisburo, sosjale saken underbringe by it gearwurkingsferban fan Noardwest- Fryslan en miljeutaken by de MAD, dan freegje wy us of as de needsaak fan utwreiding noch wol deselde prioriteit hawwe moat. De tendins fan taken buten it gemeentehus bringe sil dochs noch wol trochgean, want de needsaak fan gearwurkjen mei oare gemeenten hat dochs in hege prioriteit, want dat hat de gemeenteried festlein yn it selsevaluaasj eundersyk. It argumint Arbo-saken, it tal kante meters dat elke amtner op syn wurkplak hawwe moat, sil troch it buten hus pleatsen fan taken en minsken de druk ek lytser meitsje om ut te wreidzjen. Yn us belibbing sil dat fan ynfloed weze op de prioritearring en/of de ynfestearring. Om dizze redenen tsjinnet de FNP in amendemint yn. 200.000,= Euro reservejild. As leste wolle wy noch prate oer de hichte fan de 200.000,= Euro dy't ut de reserves helle wurdt. GBL en it CDA binne der mandelich oan dat it bedrach op 200.000,= Euro kommen is troch de fijemde hannelsgeast om op foarhan de hud fan in bear te ferkeapjen sunder der by stil te stean dat der wol in bear socht wurde moat om dy te strupen. En as je dan letter ta de untdekking komme dat der gjin bear te fmen is, dan soene je wol byjesels te riede gean moatte en jesels offreegje: "haw ik wol de goede hannelsgeast brukt?" Yn'e autohannel soe sa'n hannelsgeast wolris gebruk weze kinne, mar de realiteitssin seit dat soks net plak fynt, want as jo om je hinne sjogge, dan docht wol bliken dat dat net sa is. Hawar, de gemeenteried is no wol opseale mei de utkomst fan dy ungelokkige hannelsgeast. Hoe moatte jo soks wer repareaije? De meast foar de han lizzende oplossing is: It risseltaat fan mooglike amendaminten ferrekkenje mei it oerskot fan 80.000,= Euro, om ferfolgens it nije oerskot yn de reserves te stekken. It oanfoljende utstel fan it kolleezje om it foardieltsje fan de septimbersirkulere yn'e post net foarsjoen insidenteel under te bringen, kinne je ffaachtekens by sette. Spylje jo abbekaat fan'e duvel, dan foarsjocht it kolleezje op dit stuit al in tekoart op dizze post, want oars hie it foardieltsje wol nei de reserves ta kinnen. Om dy reden tsjinnet de FNP in amendamint yn om it foardieltsje fan de septimbersirkulere yn'e reserves under te bringen. Foarsitter, wy halde op mei it skogjen oer de begrutting, want oars rinne wy it gefaar dat de oandacht nei detailnivo giet, ta 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 15