gefolch hawwende dat je troch de beammen it bosk net mear sjogge. De begrutting 2005 is yn grutte halen akkoart, mar de ried moat noch wol efkes te set oer de amendeminten. Amendemint 6 De gemeenteried fan Ljouwerteradiel, byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 28 oktober 2004, steit fest dat: - it kolleezje en it bestjoer fan de bibleteek mooglikheden sjogge om foar 650 Euro ynfolling te jaan oan it ijochtingjouwend advys fan 10% subsydzje- besuniging by de bibleteek - de 10% subsydzjebesuniging 17.991,= Euro bedraacht - de foarstelde besuniging fan 650,= Euro net t'n koste giet fan de taken of de husfesting fan de bibleteek - der no in tekoart op de begrutting drukt fan 17.341,= Euro (17.991 - 650) - de ynhaldlike diskusje oer de jilden en jildstreamen oangeande de bibleteek plak fynt te hearren by de kaderbesprekkings yn maart dan wol april fan 2005 beslut dat: it untsteane tekoart fan 17.341,= Euro dekt wurdt ut it besteane oerskot en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 28 oktober 2004 PvdA FNP G. Visser F. Dykstra Amendemint 7 De gemeenteried fan Ljouwerteradiel, byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 28 oktober 2004, stelt fest dat: - it kolleezje en Welzijn Middelsee mooglikheden sjogge om foar 28.740,= Euro ynfolling te jaan oan it rjochtingjouwend advys fan 10% subsydzjebesuniging by Welzijn Middelsee - de 10% subsydzjebesuniging 36.500,= Euro bedraacht - de foarstelde besuniging fan 28.740,= Euro net t'n koste giet fan de taken by Welzijn Middelsee - der no in tekoart op de begrutting drukt fan 7.760,= Euro (36.500 - 28.740) - de ynhaldlike diskusje oer de jilden en jildstreamen oangeande Welzijn Middelsee plak fynt te hearren by de kaderbesprekkings yn maart dan wol april fan 2005 beslut dat: it unsteane tekoart fan 7.760,= Euro dekt wurdt ut it besteane oerskot en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 28 oktober 2004 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 16