De hear Roosma (PvdA): Men wurdt as gemeente mei dit soart saken konfronteard. Der skynt mar in lytse sirkel te wezen om soks pleatse te kinnen. It is nuver dat de wynmune gjin ynfloed hat. Wol graach de argumintaasje fan de wethalder heare. De hear Ketellapper (GBL): It binne twa hiel ferskillende dingen. Op 250m kin it steuring feroarsaakje en binnen de 250m stiet in pleats. It moat goed ofdutsen wurde. De hear Tuininga (FNP): De FNP-fraksje fynt it nuver dat in wynmune der net steurt. En soe oare apparatuer der net steure? Wethalder Keizer: It kin net op de besteande mesten. Men hat derfoar keazen in tried te spannen tusken twa mesten. Apparatuer kin yndied steure. De pleats leit der fier genoch fan of. Der is oerienstimming mei de hear De Hoog. De steuring hat mei de frekwinsje te meitsjen en mei de golflingte. De gemeente hie in tydlike boufergunning ferliend, mar men woe yn Hams sitte. Dat koe lykwols net. It moast Stiens of omkriten wurde. De hear Ketellapper (GBL): Is de hear De Hoog op de hichte fan de gefaren fan claims? Wethalder Keizer: Nimt oan dat dat sa is. Der wie gjin reden om in miljeufergunning oan te freegjen. It kontrakt mei de hear De Hoog moat noch tekene wurde. De hear Ekas (GBL): De spreiding van de middengolfrequenties ligt veel anders dan bij andere golflengten. Er wordt ook met groter vermogen uitgezonden. Hij kan niet inschatten of de afstand naar de boerderij voldoende is. Twadde termyn De hear Stienstra (CDA): Wat smyt sa'n stjoermest op? De hear Roosma (PvdA): Hy freget him of oft men fanwegen de sterkte fan de sinder in miljeufergunning nedich hat. Der sil wol in boufergunning komme moatte. Straks komt der miskien in radio mei Stiens of Feinsum derop. De hear Tuininga (FNP): Der binne neffens him troch de nije ynformaasje dochs mear soargen. Der moat mear helderheid oer komme. De hear Doting (WD): Komt troch de nije ynformaasje ek mei wat fragen te sitten. Hy wol hjiroer earst mear dudlikheid. De hear Ketellapper (GBL): It moat goed tichttimmere wurde dat de gemeente letter net oanspraaklik steld wurde kin. Wethalder Keizer: 'De mens lijdt het meest door het lijden dat hij vreest.' De gemeente hat har ynformeare litten. Der is gjin miljeufergunning nedich. Men kin folstean mei in boufergunning en in advys fan wolstan. Men hat mi end de minsken yn de mjitte komme te moatten. As men it utstelt dan komme de oanfregers yn de knoei. De mearwearde fan de gemeente is dat de organisaasje hjir kantoar halde wol mei in man of twa trije.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 8