y De foarsitter: De ried kin mei de stimbriefkes de persoanlike kar oanjaan. Wiist mefrou Visser, de hear Doting en de hear Stienstra oan foar de stimkommisje. Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: Iepent de gearkomste wer en jout mefrou Visser it wurd. Mefrou Visser (PvdA): Voor het college: 14 keer wethouder Admiraal als lid en als plaatsvervanger de heer Ter Keurs. Voor de raad: 4 keer voor mevrouw Haites als lid en voor de heer Busser als plaatsvervanger en 10 keer voor de heer Busser als lid en mevrouw Haites als plaatsvervanger. De foarsitter: Felisiteart de beneamden. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 11. Oanpassing mienskiplike regeling 'Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan' De hear Doting (WD): Hat begrepen dat ek de WVG - take oerhevele wurde. Wol graach fan de wethalder witte hoe't it sit mei de tasizzing oan it platfoarm dat Ljouwerteradiel under it Regionaal Indicatie Orgaan (RIO) bliuwe soe. As men ut it RIO giet binne der dan ek kosten oan ferbun? Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat deselde fraach. De WVG giet neffens it reglemint per 1 january oer en neffens de konseptbegrutting wierskynlik per 1 july. Hoe sit dat? De hear Busser (GBL): Hie yn de kommisje al in fraach steld oer it tal leden fan it deistich bestjoer. Wol der noch graach in antwurd op. Wethalder Admiraal: Dy fraach oer de stimferhaldingen yn it deistich bestjoer fan de tsjinst kin ik dit sizze. Krekt as yn de gemeentewet oanjun is jout de stim fan de foarsitter by likens tal stimmen de trochslach. Der wie wat misferstan by it platfoarm-WVG oer it kontrakt mei it RIO. Wy moatte us halde oan it kontrakt mei it RIO. Wierskynlik nimt de mienskiplike tsjinst dat oer. De misferstannen mei it platfoarm binne fanne wike trochpraat mei in fertsjintwurdiging fan it Platform. Twadde termyn De hear Doting (WD): Betanket de wethalder dat de problemen oplost binne. De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 12. Sluting De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slut de gearkomste om 20.50 oere. Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 10