GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 25 novimber 2004 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), F. Busser (GBL), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), B. Lageweg (GBL). Wethalders: de hearen J.W. Admiraal en J.S. Keizer. Foarsitter. de hear R.A. Ketellapper (GBL). Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: boargemaster E.J. ter Keurs en mefrou J. M. Oppenoorth (PvdA). 1. Iepening De foarsitter iepent om 19.30 oere de gearkomste. Hy ferfangt boargemaster Ter Keurs dy't ferhindere is. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Wol graach agindapunt 9 en 11 behannelje as hammerstik lykas yn de kommisjegearkomste besletten is. De hear Doting (WD): Wol graach punt 11 as besprekpunt oanhalde. De foarsitter: Derta wurdt besletten. 3. Ynsprekrjocht boargers Der wurdt gjin gebruk fan makke. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Stienstra (CDA): Heeft vragen over de afsluiting van de brug in de Hege Hearewei te Finkum. Waarom heeft de wethouder de gemeenteraad niet gemformeerd. Waarom moet de afsluiting van de brug een jaar duren? Het bezorgt veel overlast voor de inwoners en landbouwers. Kan er indien het onderhoud van de brug in Finkum niet in de begroting van 2005 is opgenomen vanwege de urgentie niet een andere prioriteit worden gesteld? Wethalder Keizer: It is net gebruklik om oer soks de ried te ynformearen en men waard ynhelle troch de publisiteit. It konsept fan de neijiersnotysje lei krekt foar. Men wol de brege sa gau mooglik oanpakke. De ried krijt foar it wykein de neijiersnotysje der t in post foar de brege yn opnommen is. It hoecht net in jier te duoijen. De hear Stienstra (CDA): Hoe kin it dat it net earder feststeld wurde kinnen hie?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 5