GEMEENTE LEEUWARDERADEEL BELIED SNOTYSJE STANPLAKFERGUNNINGEN 1. Ynlieding By it feststellen fan de "Algemene Plaatselijke Verordening" (APV) yn 1988 hat doedestiids ek in utwurking plak han fan it stanplak- en sutelfergunningenbelied. Dat resultearre yn it stellen fan in maksimum oan fergunningen foar stanplakken en suteljen dy't ferliend wurde kinne, neier utwurke foar alle doarpen en spesifisearre nei produkt, it saneamde maksimumstelsel. In oantal jierren ferlyn is yn us gemeente in hiele nije APV feststeld neffens it VNG-model en it niisneamde stelsel is der net yn meinommen. Dat is trouwens ek feraldere en sjoen de untjouwings yn de jurisprudinsje oer stanplakken en planologyske untjouwings dy t der yntusken west ha is it goed om der ris op 'e nij nei te sjen. Koartsein giet it hjir om it oanwizen fan lokaasies foar stanplakken, de mooglike ynrjochting derfan en it tarivestelsel foar stanplakken. Ut it eachpunt fan it oansjen fan de gemeente, it foarkommen fan fersmoarging, ferkearsunfeiligens en behald fan romtlike kwaliteit kin belied foar stanplakken in nuttich ynstrumint weze. Der untstiet foar oanfregers ynsicht yn de lokale mooglikheden en foar de reguliere hannel en de konsumint untstiet dudlikens wer t de gemeente stanplakken tastiet. It ynnimmen fan stanplakken is net oeral en op alle tiden winsklik. De APV ken in limitative opsomming fan wegeringsgrunen. 2. Stanplakken 2.1 Omskriuwing Fan in stanplak is sprake wannear't in ambulante hanneler op ien of mear feste dagen syn kream of ferkeapwein delset op in lokaasje dy't him troch it kolleezje fia in derfoar ferliende fergunning tawiisd is. Yn de fergunning wurdt tagelyk oanjun hokker produkten ferkocht wurde meie. In fergunning kin foar in langere perioade (bgl. in jier) ferliend wurde of kin oan in seizoen bun wurde. 2.1.1 Juridysk kader De basis foar it ferlienen fan stanplakfergunningen is de APV, artikel 5.2.3 en dat fait under it haadstik "Andere onderwerpen betreffende de gemeente". Op grun fan dat artikel is der in fergunning nedich fan it kolleezje. Gjin fergunning is nedich as it giet om it utstald hawwen fan skreaune of drukte stikken weryn gedachten of gefoelens iepenbiere wurde yn it ramt fan artikel 7 van de Grunwet (frijheid fan mieningsutering). Fierder falle stanplakken op in wykmerk, merke, bradery, rommelmerk en fierder eveneminten buten dit rezjym. 2.1.2 Wegeringsgrunen Artikel 5.2.3, lid 6 fan de APV jout in oantal wegeringsgrunen werop in fergunning foar in stanplak wegere wurde kin. a. Yn it belang fan de iepenbiere oarder. De wegeringsgrun slut nau oan by de wegeringsgrun om oerlest te beheinen of foar te kommen. Der is ek faak in relaasje mei de wegeringsgrun "belang ferkearsfrijheid of-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 64