feilichheid". Troch de ferkearsoanlukende wurking fan stanplakken kinne oerstekbewegings fan fuotgongers en net talitber fytsferkear untstean yn fuotgongersgebieten. Fierder kinne auto's dy't parkeare of parkeard steane foar oerlest soargje. Ut jurisprudinsje docht bliken dat it beheinen fan it oantal steanplakken op grun fan iepenbiere oarder en feiligens tastien is. b. Yn it belang fan it foarkommen of beheinen fan oerlest. Hjir kin tocht wurde oan it tsjingean fan in konsintraasje fan yn te nimmen stanplakken troch fergunnings oer de wike te fersprieden. By in soad belangstelling foar deselde lokaasje kin ek feitlike merkfoarming untstean en dat moat foarkaam wurde. Fierder kinne spesifike stanplakken op beskate lokaasjes ward wurde yn ferban mei bygelyks stankoerlest of branfeiligens (tichteby gebouwen). c. Yn it belang fan de beskerming fan it uterlik oansjen fan de neiste wenkrite. Troch it ynnimmen fan ien of mear stanplakken op in bepaald plak kin it strjitbyld bot fersteurd wurde. De wolstanskommisje kin as dat winsklik achte wurdt om advys frege wurde. d. Yn it belang fan de ferkearsfrijheid of -feilichheid Der is in dudlike relaasje mei de wegeringsgrun "iepenbiere oarder". Sjoch ek de taljochting under a. e. Yn it belang fan it fersoargingsnivo foar de konsumint It wegeijen fan in stanplak is mooglik as it fersoargingsnivo foar de konsumint yn gefaar komt. Der binne twa metoaden foar om dat te mjitten. De earste is in wegering op basis fan in distribusje-planologysk undersyk (DPO) dat ynsicht jout yn wat de minimale foarsjennings weze moatte yn in gemeente. As no bliken docht dat der genoch ferkeappunten oanwezich binne hoecht dat gjin wegeringsgrun te wezen; konkurrinsje fan undemimmers is gjin kritearium foar de fergunningferliener. It bepalende elemint foar in wegering is it fersoargingsnivo foar de konsumint. Wol kinne troch in DPO winkellju yn in nij winkelsintrum, foar in bepaalde oanrinperioade, beskerme wurde tsjin stanplakhalders. De twadde mooglikheid is as der noch mar ien winkel yn in bepaalde branzje oanwezich is en dy troch de konkurrinsje fan in stanplakhalder it driget of te lizzen. Dan kin it ple'atslike fersoargingsnivo yn gefaar komme. De oanbelangjende winkelman moat fia syn boekhalding wol oantoane kinne dat de libbensfetberens fan syn winkel yn 'e knipe komt. f Fanwege striid mei in jildend bestimmingsplan Neist de APV foarmje bestimmingsplannen in selsstannige wegeringsgrun. By it beoardieljen fan in oanfraach foar in fergunning foar it ynnimmen fan in stanplak moat derom ek goed tocht wurde om de foarskriften dy't anneks binne mei it bestimmingsplan. 3. Lokaasjes Foar it bepalen wer't stanplakken yn de gemeente tastien wurde sille wurdt yn dit ferban allinnich sjoen nei Stiens. Praktysk en ekonomysk sjoen leit in oanfraach foar ien fan de oare doarpen yn us gemeente net foar de han. En mocht der dochs in kear in oanfraach komme dan kin der ad hoc nei sjoen wurde mei it ynstrumintarium fan de boppeneamde wegeringsgrunen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 65