Yn Stiens is feitliken allinnich it sintrum mar geskikt foar stanplakken, it plein by it gemeentehus oan de Langebuorren, de lokaasje oan de Langebuorren tusken blommekiosk It Finsterblomke en it oarlochsmonumint, it Sint Vitusplein. Us kluster VROM komt yn it skriuwen "bouwsteen t.b.v. opstellen beleid ambulante handel" ek ta de konkluzje dat allinnich it saneamde sintrumgebiet planologysk sjoen yn oanmerking komt foar stanplakfergunningen. As kolleezje hawwe jim oanjun dat it utfleren fan in DPO net needsaaklik is. 3a. It plak oan de Langebuorren neist it gemeentehus. De lokaasje neist it gemeentehus is al jierren lang it 'oanwiisde plak' foar ambulante hannel. Dy waard en wurdt benammen brukt troch in fiskkarre en oaljekoekskreamen. As de boppeneamde wegeringsgrunen loslitten wurde op dizze lokaasje dan moat de konkluzje weze dat der neat op tsjin is om dat plak dan ek formeel sa oan te wizen. 3b It plein by it gemeentehus Op it plein oan 'e Langebuorren wurdt al desennia lang de merk op tiisdei holden mei yn totaal om-ende-by 10 feste stanplakken en de mooglikheid foar in oantal losse. Neist de reguliere kommersjele hannel binne der bygelyks yn ferkiezingstiid ek wol politike partijen dy't der in plakje ynnimme. Fierder is dit de lokaasje foar de krystmerk en fansels de jierlikse merke yn juny. Oant no ta waard ynsidinteel noch wolris in fergunning foar in stanplak ofjun buten de wyklikse merk om. Dat gie te'n koste fan parkearromte en mei de komst fan nije winkels oan it plein binne de parkearplakken mear as noadich. Dat soarte fersiken soe fuortoan ofwiisd wurde kinne. Derby kin ferwiisd wurde nei de beskikbere lokaasje neist it gemeentehus of de tiisdeismerk. In mobile winkel fan De Friesland u.a., dy't moandeis op 'e neimiddei in pear oerkes by it gemeentehus stiet en gjin parkearromte yn beslach nimt, fait buten dy kategory. 3 c It Sint Vitusplein Foar it Sint Vitusplein jildt feitliken itselde as foar it plein oan 'e Langebuorren. De beskikbere parkearromte moat, mei tal fan winkels der omhinne, sunich mei omsprongen wurde. Yn it belang fan iepenbiere oarder en uterlik oansjen fan de neiste wenkrite moat dizze lokaasje sa folle mooglik untsjoen wurde. In utsundering dy't no ek al makke wurdt soe weze kinne it ferlienen fan fergunningen foar it profesjoneel graveaijen fan kentekens en it meitsjen fan automten. Sa'n fergunning jildt mar foar in oantal dagen ferspraat oer it hiele jier en nimt in fjouwertal parkearplakkeh yn. Hjir is dudlik fraach nei en de lokaasje oan de Langebuorren (3a) is der absolut net geskikt foar (ferkears-unfeiligens) 3d Lokaasje oan 'e Uniawei tbv de mune) Op dit stuit hat "Anna's patat" noch in ferkeapunit (kiosk) oan 'e Uniawei. Dat is al untstien yn de tachtiger/njoggentiger jierren en de fergunning wurdt alle jierren stilswijend ferlingd. Oan dy sitewaasje kin no yn prinsipe neat dien wurde (fertrouwensbegjinsel) en dat is ek net echt needsaaklik. Wol soe it ut it eachpunt fan oansjen fan de gemeente wei faaks ferstannich weze om yn it ramt fan dizze nota no al fest oan te jaan dat dit net in lokaasje is foar in

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 66