stanplak, ferkeappunt of sokssawat. As de fergunninghalder der mei ophaldt kin der dan gjin fergunning wer ofjun wurde foar de oanbelangjende lokaasje (stjerhuskonstruksje). 4. Ynrjochting lokaasie Langebuorren Fysyk sjoen is it gjin inkeld probleem om hjir in definitive ynrjochting fan te meitsjen dy't gelegenheid biedt oan twa stanplakken. Der sille dan wol wat oanpassingen dien wurde moatte (trottoir/beplanting/muorke) sadat der in goede berikberens komt foar de de stanplakhalder en it manoevrearjen mei karren ensfh. gjin gefaar opleveret foar it trochgeande ferkear, sa't dat no wol geregeld it gefal is. Der binne in oantal opsjes om de stanplakken tagonklik te meitsjen: A. Iensidige opreedkonstruksje. It meitsjen fan 1 opreed fanof de Langebuorren der't sawol foarut as achterut oerhinne riden wurde moat. De berikberens wurdt ferbettere, mar der kinne wol konfliktsituaasjes untstean mei it trochgeande ferkear, yn feite net ferkearsfeilich. Dizze opsje kostet fierder in besteand parkearplak. De ruze kosten bedrage likemoch 280 ynkl. BTW. B. Op- en utreed (twasidich) Om it trochgeande ferkear op 'e dyk net te hindeijen is it ek mooglik om oan oan twa kanten in opreed te meitsjen sadat der trochriden wurde kin (feiliger). Ruze kosten: 560 ynkl. BTW. Dizze oplossing kostet in twatal parkearplakken. C. Ferpleatsenfan it oarlochsmonumint, berikberens fia it plein kreearje Berikberens fia it plein by it gemeentehus realisearje. In feilich altematyf, gjin oerlest foar oar ferkear en gjin ferlies fan parkearplakken. Ruze kosten: 2500 ynklusyf. Foarsteld wurdt om yn it kader fan it doarpsfemijingsplan te besjen hokker opsje de beste is. 5. Stroomfoarsienning By de ynrjochting fan dizze lokaasje foar stanplakken heart ek in adekwate stroomfoarsjenning. As utgien wurdt fan 2 plakken betsjut dat it pleatsen fan in stroomkast mei 2 tuskenmeters. Beheinde materiaalkosten om't de gemeente sels noch oer in eksimplaar beskikt. 6. Riolearring Der sil, as dat nedich is, in oansluting makke wurde op de riolearring, lykas by kiosk it Finsterblomke. De ruze kosten binne yn dat gefal €2500. Utfiering fan dat wurk sil plakfine by de werynrjochting fan de Langebuorren. 7. Ofhannelien oanfragen In fergunning kin ynsidinteel oljun wurde of foar in langere perioade. It maksimum is in jier wemei't ferlinging mooglik is. By mear ffaach as oanbod wurdt der in wachtlist oanlein, mar dat sil yn 'e praktyk nei alle gedachten sa hurd net fleane. Jim ha as kolleezje fierder oanjun

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 67