dat net nei de soarte kream of karre sjoen wurde sil, dat wol sizze dat it wolstansaspekt net meinommen wurdt. Us kluster Vrom hat trouwens oanjun dat as it om in permanint steanplak giet, bygelyks it in jier lang pleatsen fan in kream of karre sunder dat dy fan't plak weikomt, ien en oar boufergunningplichtich is. By de behanneling fan de oanffaach boufergunning moat dan wol omtinken jun wurde oan bestimmingsplan, wolstan en bouregeljouwing. Hoewol't konkurrinsjebetingst yn prinsipe gjin saak fan de gemeente is en der gjin produkt- regulearring foar stanplakhalders plak fynt is it dochs saak dat der, wer't soks mooglik is, rekken holden wurdt mei de wykmerk. Gjin ynsidintele fergunningen op tiisdeis, want der is de merk foar! Fierder falle de fergunningen net binnen it rezjym fan de fergunningferliening foar de Stienzer merke. Op dy dagen kin gjin stanplak ynnaam wurde of der moat al fergunning ferliend weze fia ynskriuwing foar dat evenemint. 8. Leezies Alle leezjes/fergoedingen foar stanplakken yn de gemeente wurde no heft op grun fan de "Marktverordening". Foar stanplakken buten de merk om soe in oar rezjym jilde moatte. It utstel is om foar dy plakken, op hokker lokaasje ek, in feste priis yn de leezjesoardering op te nimmen fan 6,00 de dei. Dat ferhaldt him aardich mei oare gemeenten en leitwat heger as it taryf fan de wykmerk. As't nedich is sille mei yngong fan 2006 apart stroomkosten trochberekkene wurde foar de lokaasje Langebuorren. It ferbruk sil lykwols earst mjitten wurde. BESLUTFO ARMING Op grun fan it foargeande wurdt it folgjende utsteld: s wiis it plak neist it gemeentehus, tusken It Finsterblomke en it oarlochsmonumint, oan as lokaasje foar maksimaal 2 stanplakken foar ambulante hannel; foar it Sint Vitusplein wurdt allinnich in utsundering makke foar fergunningen oangeande it profesjoneel graveaijen fan kentekens en it wer meitsjen fan autoruten; jou de wurkgroep doarpsfemijing opdracht om it plak berikber te meitsjen; nim kennis fan it feit dat permaninte steanplakken boufergunningplichtich binne (mei wolstansadvys); meitsje de fergunning fan "Anna's patat" oan de Uniawei ta in persoanlike fergunning sadat dy net oerdroegen wurde kin (stjerhuskonstruksje); nim in fest bedrach foar steanplakken op yn de leezjesoardering 10,00 de dei). GDV, oktober 2004 N.B. It kolleezje hat by de behanneling fan dit stik yn 'e gearkomste fan 12 oktober 2004 bepaald dat de gemeente net soarget foar adekwate nutsfoarsjennings. In fergunninghalder moat der sels mei rede op syn eigen kosten (betingst fergunning).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 68