De hear Dijkstra (FNP): Is yn grutte halen akkoart mei it foarstel. Hat lykwols problemen mei de paragraaf weiferkear. Der is er al 5 jier mei dwaande om it kolleezje dat dudlik te mietsjen. De oanbefellings fan de Raad van State en VROM hienen meinommen wurde kinnen en hy soe it twingend foarskriuwe wolle om de paragraaf opnij te skriuwen. Oars komt der te folle opunthald foar de plannen. De hear Ekas (GBL): Hij sluit zich aan bij de opvatting van de PvdA. Het gaat om de snelheid. Die moet er ingehouden worden. Wethalder Keizer: De brosjuere jout foarbylden. Men sil seker oan de stedeboukundige kwaliteit fan de wenningen en fan it iepenbiere gebiet omtinken jaan. Men wol ek de snelheid festhalde en besjen oft men de 112 helje kin. It weiferkear: der is yntusken underkend dat de paragraaf rammelt en men docht der alles oan dat dy paragraaf op oarder komt. De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 9. Biblioteekkluster Noard West Fryslan De foarsitter: Dit is fan de list fan besprekpunten offierd. De hear Doting (WD): Wol in stimferklearring oflizze: It fait wol wat ta dat de gemeente net genoch oan de biblioteek besteegje soe. De WD fielt him wol in bytsje by de poat nommen troch de foarstelling fan saken dat de biblioteek gjin fleis op de bonken hawwe soe. De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 10. Oanwizing leden en twa plakferfangers algemien bestjoer fan 'e 'Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan' De foarsitter: Hy hat begrepen dat boargemaster Ter Keurs as plakferfanger fan wethalder Admiraal troch it kolleezje foardroegen is. De ried moat ek in lid en plakferfanger oanwize. De hear Elgersma (GBL): Stelt foar om de hear Busser as lid te beneamen en as plakferfanger meffou Haites. De hear Tuininga (FNP): Meffou Haites as lid en de hear Busser as plakferfanger. De hear Roosma (PvdA): De hear Busser as lid en meffou Haites as plakferfanger. De hear Doting (WD): Slut him derby oan. De hear Stienstra (CDA): Wiist derop dat meffou Haites goed ynfierd is yn de saken fan sosjale saken en de hear Busser gjiR miskien net alle gearkomsten bywenje kin. Hy stelt foar meffou Haites as lid en de hear Busser as plakferfanger. De hear Elgersma (GBL): Hy hat alle betrouwen dat de hear Busser syn wurk goed dwaan kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 9