Wethalder Keizer: Foardat men fierder gie mei de untwikkeling fan it yndustryterrein hat men de list fan bedriuwen ferfarske. Trije bedriuwen binne te set mei it bestek en de tekeningen. De kavelynrjochting leit noch net fest. It is de ferwachting dat it yn 2005 bouryp wurdt. De hear Ketellapper (GBL): It is him bekend dat de MAD hiel agressyf kontroleart en der rint ek in saak mei in bedriuw. Wethalder Admiraal: Hy is op de hichte fan dy saak, mar kin der net yn details op yngean. De hear Ketellapper (GBL): It giet him derom dat men sa gau mooglik mei it yndustryterrein ut ein sette kin. It moat net unnedich lang ophalden wurde. De voorzitter geeft het woord aan de heer Dijkstra om vragen te stellen over de bouwplannen van Noorderbreedte aan de Pethusterdyk en over de positie van Palet en aan mevrouw Haites over de communicatie van de gemeente met Palet. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat oer de halding fan it kolleezje in pear fragen, want hy fynt dat Palet rjocht hawwe soe op in positive halding fan it kolleezje. Werom fynt it kolleezje it sa belangryk om buorkundich te meitsjen dat Noorderbreedte miskien wenienheden realiseare sil oan de Petterhusterdyk wylst der gjin wissichheid is dat Noorderbreedte ek tastimming krijt fan it soarchkantoar? Noch net sa lang lyn is de ried op de hichte brocht dat it kolleezje de grun oan de Petterhusterdyk oankocht hat mei de betingst dat de kommende 10 jier der net boud wurde mei. Kin it kolleezje oanjaan werom de spulregels sa gau al oanpast wurde en wat de konsekwinsjes derfan weze sille? Werom hat it kolleezje de lokaasje oan de Petterhusterdyk net oan Palet oanbean, want dy hat wol de tastimming fan it soarchkantoar om ien en oar te realisearen? Soe it mooglik weze dat it kolleezje de ried op de hichte bringt oer de plannen fan Palet middels in ynlast punt op de wurklist fan de kommisjegearkomste fan tongersdei 3 february? It dwaan en litten fan it kolleezje ropt allinne mar argewaasje op. De minsken yn de buert tochten dat der 10 jier net boud wurde soe en no komt it kolleezje mei dit ferhaal. Men lit de folle karre fan Palet stean en giet mei de lege karre fan Noorderbreedte fierder. Meffou Haites-Miedema (CD A): It CD A hat fragen oer deselde saak. Der wurdt oer de oanbelangjende saak min kommuniseard. Nei oanlieding fan dizze situaasje hat it CD A in tal fragen. Werom is it kolleezje net yngien op de utnoeging fan Palet om kennis te nimmen fan nije beliedsuntwikkkelingen? Mei it each op de needsaak fan de untwikkeling fan in goed alderenbelied yn de gemeente is it yn de eagen fan de CDA-ffaksje in fereaske om op syn minst kennis te nimmen fan de plannen fan ien fan de oanbieders fan alderensoarch yn de gemeente. Ek fynt de CDA-fraksje it soarchlik dat der no wer sinjalen komme fan in minne kommunikaasje tusken de gemeente en alderensoarchoanbieders. It CD A wol graach in taljochting op dizze saak fan it kolleezje hawwe. Wethalder Keizer: As de hear Dykstra seit dat it kolleezje oanjout dat Noorderbreedte noch yn in beropsproseduere is mei it soarchkantoar om de tawizen wenienheden oan Palet fan tafel te krijen dan is dat net op de juste wize wequn. ZNB is yn

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 5