Palet fan tafel te krijen dan is dat net op de juste wize weijun. ZNB is yn beropsproseduere net mei it soarchkantoar, mar mei it ministeaije en dy beropsproseduere hat net it doel om de tawizing fan wenten oan Palet fan tafel te krijen, mar ta doel om de oarspronklike oanfraach om in desintrale festiging fan it op te heffen Toutenburg yn Stiens del te setten. It is fanof it alderearste begjin - en dat is hast fjouwer jier lyn - sa west, dat nei de earste kontakten mei Noorderbreedte der demei in reaksje kaam fan Palet. Dan blykt ynienen Palet ek plannen te hawwen. Tot op de dei fan hjoed sitte wy oantangele mei dy situaasje! ZNB set in stap en Palet docht yn in wike of wat demei inselde soarte fan stap. It leste bewiis derfan is it brief fan mefrou Van Jaarsveld fan 24 jannewaris. Mannich kear is troch sawol de portefuljehalder, as troch it hiele kolleezje, mar seker ek troch in foarige boargemaster besocht mei beide partijen ta in fergelyk te kommen, mar dat is nea slagge. De suggestje dat it kolleezje net in positive halding hawwe soe foar Palet oer is absolut net wier. Palet hat in ffaach by us dellein en wy ha mefrou Van Jaarsveld sels op it spoar set fan de lokaasje fan foarhinne Kooistra en de aide tennisbanen. Palet hat nea ut west op de lokaasje Petterhusterdyk foar sa fier as wy witte. Doe destiids ha de fraksjefoarsitters ynstimd mei de lokaasje op de Terp. Der is doe ek oan dy fraksjefoarsitters frege dit of te stimmen mei harren fraksjeleden en witte te litten of it ljocht op grien stean bliuwe koe. Dat wie it gefal en it kolleezje is dermei fierder gien. Allegearre ha wy doe mei inoar underkend dat dy lokaasje-kar de meast noedlike wie, mar wy giene der mei elkoar foar! No ta de fragen fan de FNP. It kolleezje fynt it wichtich om de oanbelangjenden te ynformeaijen wat der geande is. Mei de fertsjinwurdigers fan alle fraksjes is op 11 jannewaris nei ofrin fan de sit mei OVL oer it sintrumplan- troch dy fraksjefertsjinwurdigers yn stimt mei it ferstjoeren fan de brieven nei Pleatselik Belang, de Folkstunferiening en de omwenjenden fan beide lokaasjes. By dy gelegenheid wie ek dhr. Dykstra oanwezich, dus fan in oerfal kin gjin inkelde sprake weze! Fan de kant fan Noorderbreedte is mei klam sein dat sy noch goede kansen sjogge foar in suksesfolle beropsproseduere. Dat fynt mei grun yn it feit dat sy de omfang fan de oanfraach wer werom brocht ha fan 60 nei 36 beden. Dat is no ek de foamaamste reden fan Noorderbreedte om lokaasje De Terp falle te litten en nei de Petterhusterdyk ta te gean. Earder wie dy allinne te lyts foar 60 beden. Wy ha de grun oan de Petterhusterdyk noch net sa lang yn besit krigen foar in bepaalde priis 10,=.) As der binnen 10 jier in wentebouprojekt realisearre wurdt dan komt der noch in bedrach de kante meter by op (€7,50). De spulregels binne dus net feroare, mar wy bringe sy Dykstra noch graach efkes yn it unthald. Wy hawwe de lokaasje Petterhusterdyk net oan Palet oanbean, omdat sy der net om frege hawwe en sa wy earder al opmurken ha, is Palet op it spoar set fan de lokaasje ex- Kooistra-tennisbanen. De lokaasje Petterhusterdyk siet wol in de lokaasje studzje dy Noorderbreedte troch Arcadis utfiere litten hat yn desimber 2002. De fjirde fraach sil kollega Admiraal beanderje, omdat dy mear ut de hoeke fan syn portefulje komt. Wethalder Admiraal: It kolleezje hat neat tsjin Palet. Noorderbreedte hie syn each falle litten op de Terp. Hy hat oan de ffaksje-foarsitters meidield dat dy oanfraach ofwiisd is troch it ministearje. Hy wit net wat Noorderbreedte hjirmei docht. It is essinsjeel om te witten dat Palet plannen hat om tichter by Skilhiem wat te realisearen. Uteinlik giet it ministearje deroer. It is goed dat der immen fan de gemeente fasilitearend oanwezich is. It

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 6