GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 2 iuny 2005 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL) en de hearen J. IJkema (CDA), H. de Jager (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), F. Busser (GBL), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), R.A. Ketellapper(GBL) en B. Lageweg (GBL). Wethalders: de hear J.S. Keizer. Foarsitter: boargemaster E.J. ter Keurs. Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: mefrou J. M. Oppenoorth (PvdA) en de hear J.W. Admiraal (wethalder). 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. 2. Feststellen wurklist De hear Elgersma (GBL): Oer punt 9. Hy jout earst in stikje foarskiednis. De GBL-fraksje giet regelmjittich nei de doarpen. Yn Britsum wiene alders dy't noch in protte fragen oer boartersplakken hienen. Wethalder Admiraal kin op dit stuit fanwege ofwezigens troch fakansje gjin antwurd jaan. De hear Elgersma stelt foar om it agindapunt oan te halden en de oare kear op de aginda fan de riedskommisje te setten. De foarsitter: Stelt vast dat het college en de raad geen moeite hebben met dit voorstel. Het gaat naar de volgende raadscommissievergadering. 3. Ynsprekrjocht boargers Der wurdt gjin gebruk fan makke. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Doting (WD): Flat fragen oer de bedriuweterreinen. Wat binne de grunprizen? Hoe is it fierder regele? It is nei de Grontmij tagien. Hoe is de kar ta stan kommen? Wethalder Keizer: Der wurde bedraggen neamd, mar dy binne net feststeld. By de riedskommisje fan 9 juny sille de grunprizen bekend weze by de stikken. Foar de akwisysje fan de bedriuweterreinen hawwe ferskate partijen belangstelling toand. Fertroulike ynsage oer de oanbiedingen kin oan de riedsleden tastjoerd wurde. De aard fan de offerte en fan de utfiering fan Grontmij paste it beste by wat it kolleezje foar eagen stie. Der is regelmjittich belangstelling fan undernimmers. Elkenien dy't earder belangstelling toand hat, hat berjocht krigen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 4