De hear Ekas (GBL): Hij vraagt waarom het beter bij de organisatie past. Wethalder Keizer: Men kin it as organisaasje sels krekt net oan. De Grontmij kin ien fan de minsken opliede yn it wurk en dy kin it letter oemimme. It oanbod fan de makelders hie in eksklusiviteit fan de earste oant en mei de leste kavel. Mei alle oanbieders is praat. De hear Ekas (GBL): De offertes zijn dus op dezelfde basis gefundeerd? Wethalder Keizer: Men stelt easken oan de offerte. Ten finale stiet de sin dat men utnoege wurdt om de offerte ta te ljochtsjen. De hear Doting (WD): Is bliid dat men de stikken hjiroer ynsjen kin. Hy nimt oan dat de Grontmij net oan partijen fertsjinnet dy't har al by de gemeente oanmeld hawwe. Wethalder Keizer: De gemeente betellet fansels net twa kear. De hear Lageweg (GBL): Hoe zit het met de inventarisatie van de gemeente van partijen die interesse getoond hebben? Worden die namen doorgespeeld naar het bureau of handelt de gemeente de zaak zelf af? Wethalder Keizer: It is net mear as in adressebestan. De underhannelingen fiert de Grontmij. De gemeente hat sels net oan akwisysje dien. It stiet yn de offerte dat der belangstellenden binne. De aktuele stan fan saken sil bekend makke wurde oan de bedriuwen. De hear Doting (WD): Yn hoefier is de Grontmij bekend mei de merk hjir? Wethalder Keizer: Dat kin er op dit stuit net krekt sizze. It bedriuw is yn alle gefallen goed tarist. De hear Ketellapper (GBL): Men hie wol foar in pear miljoen bedriuweterreinen ferkeapje kinnen op de bedriuwekontaktdagen. Men hat dan in hiel wat sinten lizze litten, want no moat men der kourtaazje oer betelje. Wethalder Keizer: Lizze litte ferunderstelt skuld of leauwens, mar men koe op dat momint noch neat ferkeapje. De foarsitter: GBL heeft aan de late kant vragen gestuurd over lantaampalen. Wil de raad de vragen alsnog de revue laten passeren? Stelt vast dat hiertegen geen bezwaar is. De hear Elgersma (GBL): Hy hat by de griffier oankundige dat er fragen stelle soe. De minsken komme ek wolris mei saken by GBL. De lanteampeallen binne smoarch, ek by de kappen en dertroch kin it ljocht net goed trochkomme. Fynt it kolleezje dat der wat oan dien wurde moat? Is it underhald de ferantwurdlikheid fan de gemeente of fan Dynamicon? Wol it kolleezje derfoar soargje dat der op koarte termyn in oplossing komt foar dit probleem? Wethalder Keizer: Kin op sokke detaillearde fragen net sa mar in antwurd jaan. Hy wit net oft it yn it underhaldskontrakt fan Dynamicon stiet. Hy sil it ynkoarten yn it sektoroerlis oan de oarder stelle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 5