Mefrou Visser (PvdA): Heeft de raad dat als uitgangspunt vastgelegd? Dat is dan ook de vraag aan het college waar die uitgangspunten in te zien zijn. Wethalder Admiraal: It kolleezje gie derfan ut dat Noorderbreedte op eigen risiko buten de subsidiearde rate fierder woe. Men hat frege om it skriftlik fest te lizzen. Hy hat it fremd fun dat it soarchkantoar en de provinsje net op de hichte steld is. Hy snapte wol de bedoeling fan hear Dijkstra syn wurden dat de spulregels feroare binne, mar de ried hat der fierder net op reageard. Hy hat ek wol begrepen dat de ried dudlikheid woe: Wat wol soarchgroep Noorderbreedte, wannear en mei wa? Hy hat gjin sinjalen krige dat it kolleezje stopje moast. It hat 14 dagen duorre foardat de brief de doar litgien is. Dy brief moast goed taret wurde en de jurist"moast it hiele dossier hawwe. De hear Dijkstra (FNP): Op 31 maart is der in moasje kommen. It gie net om de utslach mar om de ynhald fan de beropsproseduere, want dan komme de utgongspunten foar it ljocht. It ministearje hat it ofwiisd. Wethalder Admiraal: Net fia it subsidiearde kanaal. B&W hawwe skriftlik frege nei it nije konsept. De ried freget him of oft der plak foar twa soarchoanbieders is. Noorderbreedte nimt it risiko en dat jildt ek foar de wenningboukorporaasje. As men dat oandoart sjocht men der blykber brea yn. Wa bepaalt wat der al of net kin? It is foar him net in prestiizjesaak. Hy wol de juridyske posysje no net taljochtsje, want dat soe de diskusje fertroebelje. Men hat wol hi el wat frege om foar 1 oktober dudlikheid oer te hawwen. De soarchgroep hat nei eigen sizzen in goed foarbyld foar eagen. It kolleezje hat it noch net oant achter de komma besjoen. Der sil de oare deis (30 septimber) ynformaasje fan Noorderbreedte foarlizze. Wethalder Keizer: As it soarchkantoar seit dat der gjin romte is foar twa soarchoanbieders dan giet it om yntramurale soarch. Wat wienen eigentlik de fragen oan de hear Boomgaard fan it soarchkantoar? De hear Ketellapper (GBL): Dy wist wol wat de fragen wienen want hy hie wol in oere mei it kolleezje praat. Men woe gjin konkurrinsje mei djoere gebouwen. En Palet bout foar de behoefte oan soarch. De hear Roosma (PvdA): As de hear Boomgaard bedoelt dat men gjin twa partijen mei itselde konsept wol dan kin hy him dat begripe. De hear Ketellapper (GBL): Doe't Noorderbreedte deselde kant utgie as de soarch fan Palet, doe kaam de ried mei krityk. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Yntramurale soarch wurdt betelle ut de AWBZ. It konsept fan Noorderbreedte is itselde mar de jildstreamen binne oars. Wethalder Keizer: Bestriidt dat, want deryn wurde soarch en wenjen loskeppele. Stelt foar om de hear Boomgaard nochris in taljochting jaan te litten. De foarsitter: Peilt de mening van de raad over het voorstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 16