De hear Dijkstra hie wol earder nei de brief freegje kinnen. As men sa lang mei in partner underweis is dan kin men sa'n partner net sa mar oan de kant sette. Dat soe kontraktbrek weze. De hear Ketellapper makket gebrukt fan faachheden en bespilet de diskusje op in uneigentlike manier. Op 28 july is een hom-of-kuit-brief mei help fan in jurist nei Noorderbreedte stjoerd. Men hat foar de stelde tiid beijocht krige. Op 30 septimber hat men de frege ynformaasje fan Noorderbreedte krige. Fynt de opmerkingen oer it untbrekken fan hantekeningen fan de net te rjochte en wat flau. Sa gie men ek net mei Palet om. Noorderbreedte foldie neffens him oan de easken dy't kolleezje en ried steld hienen. Wethalder Admiraal: Hy fynt it spitich dat it yn de diskusje de kant fan it swartepiten utgiet. Hy fynt ditsoarte fan diskusjes ferkeard. Noorderbreedte hat in dudlike brief fan it kolleezje krige en hy fynt de kwalifikaasje fan 'fodsje' net op syn plak. Noorderbreedte woe op eigen foet mei de soarch fierder gean en hy hie it idee dat de ried dat troch hie. Hy hat gjin sinjaal fan de ried yn dy ijochting heard dat dat net sa weze soe. Men moat ek nei jinsels sjen. In oar hat de rezjy oer de spulregels en der makket Noorderbreedte gebrak fan. It is ek spitich neffens him dat Palet de plannen net sitten seach. Hy kin net beoardiele hoe't de saak juridysk krekt yn elkoar sit. De saak fan de kontinginten is yn de brief neamd. Der is in spesifike doelgroepepot en men kin der in berop op dwaan. Der binne kritearia foar. Men kin net oer in konsept dat der noch net is ynformaasje jaan en en men mocht ek noch gjin stappen undemimme. Twadde termyn De foarsitter: Er is een partij die schermt met het indienen van een motie. Hij wil daarbij wel het juridisch kader scheppen. De raad is in beeld bij het vaststellen van het bestemmingsplan. De aan- en verkoop van grond is aan het college. Ook Europese regelgeving kan een rol spelen. De hear Ketellapper (GBL): Hy hat net steld yn it petear mei it soarchkantoar dat der 60 beden komme soenen. Men wit hiel goed wer't de kontinginten weikomme moatte. Hy kin mei sekerheid sizze dat men gjin kontinginten krijt en dat men ek gjin tastimming fan it soarchkantoar krijt. As men meiwurket oan de plannen fan Noorderbreedte dan komt de gemeente yn de knoei en wurdt it in bongel oan de poat. It kolleezje is der op de tiid foar warskoge. Hy hopet dat de ried in beslut nimt op grun fan de ynformaasje dy't hy jun hat. De hear Dijkstra (FNP): De beantwurding fan it kolleezje noeget ut ta reagearen. Hy hat wol sein dat de brief fan it kolleezje grien ljocht foar Noorderbreedte is. Dy hoecht mar mei in willekeurich soarchkonsept te kommen. It kolleezje neamt sels in utfieringdatum fan 1 july 2006. It utfieringstrajekt wie lykwols neffens him net relevant, want men siet noch yn it foartrajekt. De saneamde brief op poaten: deroer hat men blykber in ferskillende ynterpretaasje. Earder hat men by de yntinsje fan 4 jier lyn sein dat de iene ynstelling de oare ynstelling net bite mocht en no mei it wol fanwegen de konkurrinsjewurking. Dy feroaring fynt er nuver. It antwurd fan Noorderbreedte: de gemeente hat toetst op de foarm en net op de ynhald. Konkrete plannen? Hy hat nei Sint Anna Parochie belle en frege yn hoefier't Noorderbreedte en Noordwest Friesland mei inoar gearwurken. Men siet yn in studzjefaze en men moast noch bepale oft men fierder wol en mear konkrete plannen hat men net. It is neffens him de taak fan it kolleezje en it amtlik apparaat om de ynhaldlike saken te hifkjen. Dy kin dat net of dy wol dat net. Giet it kolleezje achter in loftballon stean? De ried woe yn july gjin konkurrinsje (en derfoar ek net) en de halding nei Noorderbreedte ta soe datoangeande dudlik genoch weze moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 21