ferskaffe koe. De 17 reguliere kontinginten soe men foar twa jier kwyt weze. It hie al folle earder helder weze kinnen. Hy hat yn in boekje lezen dat men laitsje kin as men de boar by de toskedokter heart en der in oar yn de stoel sit. En men kin ek gelokkich wurde as men syn gelyk net krijt wylst men hyltyd miende dat men it goed die. Hy wol dat boadskip oan it kolleezje en Noorderbreedte meijaan. De foarsitter: Doelt de heer Ketellapper in zijn gesprekken op gedeputeerde Andriessen? Het is vreemd dat die een antwoord geeft op een vraag die de gemeente niet gesteld heeft. De hear Ketellapper (GBL): As men gjin fraach stelt, krijt men ek gjin antwurd. De hear Dijkstra (FNP): It antwurd"oer de kontinginten is faach. De 48 plakken fan Noorderbreedte binne hiel faach. De gearwurking mei wenningstichting Noordwest Friesland is ek net konkreet. Der lizze dus foar 1 oktober gjin konkrete dingen foar. Wethalder Admiraal: Men hat gjin inkelde oanlieding om oan te nimmen dat de gearwurking mei de wenningstichting net fan de grun komme sil. It kolleezje hat net alles oant achter de komma utsocht. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat it oer ynhaldlike saken. Wethalder Keizer: It wie in hom-of-kuit-brief en dat is neffens him wat oars as in brief op poaten. De hear Dijkstra (FNP): As men neat konkreets hat dan kin men neat. Mefrou Visser (PvdA): Elk project zal volgens de opmerking van de wethouder specifiek beoordeeld worden. Zij verzoekt om een korte schorsing om een motie aangaande contingenten uit te werken. De foarsitter: Stelt voor om eerst de tweede termijn voor de woordvoerders van de fracties af te sluiten. De hear Doting (WD): Freget oan mefrou Visser oft de oare fraksjes ek by it beried oer de moasje belutsen wurde. Mefrou Visser (PvdA): Heel graag. Mefrou Haites-Miedema (CD A): De brief fan 29 july wie bedoeld foar sekerheid. De ried woe dermei gjin tastimming jaan oan Noorderbreedte om hjir mei plannen te kommen. Wol graach in befestiging fan de wethalder datoangeande. Yn de brief fan Noorderbreedte steane saken (perseel, grunpriis) dy't alhiel net faach binne. En as it kolleezje dan posityf adviseart, dan hie men wol wat konkreter weze kinnen. De foarsitter: Schorst de vergadering voor 5 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan mevrouw Visser. Mefrou Visser (PvdA): Leest de motie voor:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 23