It totale pakket wie him doe noch net bekend. Hy hat oan de hear Van Eijndhoven meidield dat men as ried net jierrenlang op deselde wize trochgean woe en doe hat de hear Van Eijndhoven oanjun dat men de proseduere nei de Hoge Raad Herder net trochsette soe. Wethalder Keizer: Men hat altyd iepen west yn de meidielingen oer dizze saak nei de ried west. De lokaasje Petterhusterdyk hat noait in ferrassing west, want it is by de studzje troch Arcadis as mooglike lokaasje neamd is. Doe't de krimp kaam nei de 36 plakken, kaam dy lokaasje wer yn byld. Twadde termyn De hear Ketellapper (GBL): Hy wit net krekt hoe't sit mei it resultaat fan it telefoanpetear. Stiet de hear Van Eijndhoven derfoar dat Noorderbreedte yn Ljouwert gjin plannen hat? Deroer wol er dudlikheid hawwe. As men mei Noorderbreedte yn see giet, dan haldt dat yn dat men twa ynstellingen yn de gemeente dy't inoar it ljocht net yn de eagen gunne. Kin dat bylein wurde of net? Hy hat dizze jun foar it earst heard dat it sa heech spile is. De hear Van Eijndhoven hat noch in persoan ffege, in nije kollega, oft it wol kin. Hoe is men wer op it spoar set, neidat de ofwizing fan it soarchkantoar dudlik wie? Wethalder Keizer: De proseduere nei de Raad van State ta soe stopt wurde en net de proseduere foar de plannen yn Stiens. De hear Ketellapper (GBL): It ferhaal waard letter hyltyd fager. De wethalder hat sein dat er belle is troch Noorderbreedte en dat Noorderbreedte dermei kappe soe nei de ofwizing fan it soarchkantoar. Men hie dan sizze moatten dat men mei oare projekten fierder gean soe. De ried wol de soarch perfekt wurkje litte en der mei net in striid yn it doarp weze hawwe oer wa't wat docht. De hear Ekas (GBL): Er zijn heel veel dingen duidelijk geworden. De onduidelijkheid had ook te maken met de falende communicatie. Volgens de heer van Eijndhoven is er geen sprake van concurrentie, omdat men van een verschillend concept uitgaat. Als de zorginstanties elkaar niet in de wielen rijden, dan is er geen sprake van concurrentie. Bij hem blijft alleen de locatie Petterhusterdyk in beeld. Wat kan daar in goed overleg tot stand gebracht worden? Mefrou Haites-Miedema (CDA): As Palet lyksoartige pakken hat, dan komt it net goed. De beide ynstellingen kinne net troch ien doar. Men moat jin offreegje oft der foar twa ynstellings romte is. De hear Ekas (GBL): Het kan niet zo zijn dat men elkaar het licht niet in de ogen gunt bij zo'n belangrijke, elementaire zaak als zorgverlening. De hear Van Eijndhoven: Men is ook in Leeuwarden met een project bezig. Een deel is van de verplaatsing van Nieuw Toutenburg is bedoeld voor Leeuwarden. Men maakt zich zorgen of men de 60 plaatsen daar onderbrengen kan in de Zuidlanden. Inmiddels heeft men plaatsen in Grou onder kunnen brengen en voor de rest komt Stiens in beeld. Voor deconcentratie van verzorgingshuizen is men ook op zoek naar locaties.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 30