sd GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de ynformele riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tiisdei 27 septimber 2005 om 21.00 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL) en de hearen H. de Jager (CDA), S.R. Roosma (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), W.F. Ekas (GBL), A. Elgersma (GBL), F.Busser (GBL), en R.A. Ketellapper(GBL). Wethalders: de hearen J.S. Keizer en J.W. Admiraal. Foarsitter: boargemaster E.J. ter Keurs. Fierder oanwezich: de hearen Medema, Talsma en mefrou Mossels (Zorggroep Palet). Mei kundskip ofwezich: de hearen A.G.M.Rutten (griffier), B. Lageweg (GBL) en F. Doting (WD). 1. Iepening De voorzitter heet iedereen welkom. Zorggroep Palet zal deze avond in deze informele raadsvergadering een toelichting geven op hun plannen t.a.v. de zorgbehoefte in de gemeente Leeuwarderadeel. 2. Fragen en diskusje De hear Ketellapper (GBL) jou oan dat nei it petear mei Noorderbreedte der ek behoefte is om mei Palet te praten. De fraksje hat dit punt besprutsen en ek in petear mei de hear Talsma hawn. Hy hat ek probearre om ien fan it soarchkantoor yn dizze fergadering te krijen. Dit is net slagge. De hear Ketelapper hat in telefoangesprek mei Jelle Boogaart han en bringt der ferslach fan ut. Neffens it soarchkantoor is der yn Stiens plak foar ien soarchpartij. Der sil net mear boud wurde as dat der ferlet fan is. Palet hat it "primaat" neffens de hear Boogaart. Yn in lytse gemienskip lykas Stiens is er op dit med gjin ferlet fan merkwurking. Mefrou Haites-Miedema (CDA) freget werom de ried net wit wat de belutsene fan it soarchkantoor tsjin it kolleezje sein hat. Dit is fan belang by de beslutfoarming. Wethalder Admiraal andert dat op it momint dat Zorggroep Noordbreedte beswier oantekene ek meld is hoe oft it soarchkantoor der tsjinoer stie. Alle prosedueres binne folge en de fraksjes binne fan alles dat der spilet op de hichte halden. Hy sketst de histoaije fan it gehiel. Mefrou Haites/Miedema (CDA) seit dat it foar har nij is en freget hoe oft it no fierder giet mei de prosedure. \tmWmmm I V 1 Immn Immm I M I Shmmm

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 34