De hear Tuininga (FNP): By syn witten is it ferline jier net sa bard, mar derfoar waarden de bedriuwen wol opnommen as men har oanmeld hie. De hear Dijkstra (FNP): It giet ek om de agressive toan fan werving fan advertearders troch de oanbieder. De gemeente wurdt derop oansjoen. De hear Tuininga (FNP): Men koe har earst oanmelde by de gemeente en der is gjin reaksje op kaam doe't it uteinlik net trochgie. Boargemaster Ter Keurs: De gemeente huurt een derde in voor het totstandbrengen van de gids. Als deze ondememer het slechter doet dan die in het verleden dan zou de samenwerking in de toekomst opnieuw bekeken moeten worden. Er is een keuze uit offertes gemaakt. De hear Ketellapper (GBL): Men kin dizze fraach meinimme nei de gearkomste mei de undemimmers op 19 oktober. Wethalder Keizer: Men hat oardel wike oerlis han mei it bestjoer fan OVL en der is doe net oer dizze saak wat nei foaren brocht. Op 19 oktober soenen riedsleden demei freegje kinne. De hear Tuininga (FNP): De hear Flonk hat op de kommisje ynsprutsen en der is doe praat oer de walbeskoei'ing. It blykt perfekt ofhannele te wezen en derfoar de kompliminten. De hear Flonk wol mei syn wurk ophalde omdat it te djoer wurdt. Der is earder ek alris praat oer de foarsjenning. De sponsoaren besunigje en dertroch untstiet in tekoart. As de butentsjinst it byhalde moat, sil it folle mear kostje. Hy stelt foar om deroer nei te tinken hoe't men hjirmei omgean wol. Wethalder Keizer: Hy hat ek mei de hear Flonk praat en wit fan de fmansjele perikelen. It is de entree fan Stiens en OVL soe der miskien wol wat oan dwaan wolle. Hy sil dat yn it oerlis mei OVL meinimme. De hear Flonk seit per 31 maart 2006 op. De hear Tuininga (FNP): De kosten sitte him yn de geiten. As it foar ein oktober net run is dan geane dy fuort. De hear Ekas (GBL): Gaat het om het geld of om het feit dat de heer Flonk ouder wordt? Wethalder Keizer: It giet om it jild. De foarsitter: Concludeert dat de wethouder zal proberen de zaak passend op te lossen. De hear Dijkstra (FNP): Oer it kolleezjebeslut fan 13 septimber. It kolleezje wol meiwurking jaan om it restant fan de 112 wenten der (de Uthof) del te lizzen. Syn eigen idee yn february om dy wenningen by de aide tennisbaan del te setten koe doe net. It bestimmingsplan koe net op tiid klear weze. De wenten waarden nei it bedriuweterrein ferskood. De 112 wienen foar de ynwreidingslokaasjes en dat is it bedriuweterrein net. Hoe kin it by it iene wol (de Uthof) en by syn eardere plan net?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 5