Wethalder Keizer: Fan de leste brief is neat bekend. It hat miskien in mail west. It kolleezje wol de antwurden wol skriftlik befestigje. Men hat net sokke goede underfinings mei dubele strepen. Men kiest by klinkerdiken foar klinkers mei in wite rech en op asfalt foar in soart oplechstreek of op plakken in spesjale utritkonstruksje. Dat jildt ek foar de Uniawei. Men wol it sa mooglik yn it wurk meinimme. Op de Joussenwei is in aparte baan op it midden fan de dyk oanbrocht. Neffens de nijste ynsichten (Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslan, ROF) kin men de skieding better fia in sachter kleurgebruk oanjaan. It is kommuniseard mei DB Britsum/Koamjum en mei de fertsjintwurdiging fan de alderen fan de beide Britsumer skoallen. Men sil oan de westkant in hage plantsje. Op it plak fan de krusing fan de tochtsleat mei de de dyk komt in soart bregedek. De hear Roosma (PvdA): It is spitich dat der gjin ynjeksje jun wurdt oan de hjir en der fage oergongen fan 30 nei 50 km. Komme der tusken it griis en it swarte noch strepen? Wethalder Keizer: Dy komme der net. 5. Feststelling fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 july 2005 De foarsitter: Het verslag wordt zonder wijzigingen goedgekeurd en vastgesteld. 6. Ynkommen stikken en meidielings De hear Busser (GBL): Hy is mei wethalder Admiraal nei de gearkomste fan 'Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan' west. It bestjoer (de gemeente) bliuwt op ofstan. In AB-lid moat selsstannich opereare kinne. It bestjoer fynt dat de linen te lang binne. Sketst de line fan behanneling. Der wurdt foarsteld om dy line te bekoartsjen (amtner-DB-ried-AB). Dertroch soe it AB utwreide wurde kinne mei bygelyks twa leden per ried. Ien en oar sil yn Swarte Haan of Hams besprutsen wurde. De datum is freedtemiddei 11 novimber. Wethalder Admiraal: De bedoeling is om te sjen nei de saken sa't dy no rinne. Der sil op in iepen manier oer praat wurde. It soe op in tal punten better en slachfeardiger kinne. De foarsitter: Is het verstandig om het te agenderen? Wethalder Admiraal: It wurdt earst bepraat op 11 novimber. Boargemaster Ter Keurs: Op 14 oktober verhuist de back office van de politie naar Sint Anna Parochie plaats. De onderdeelscommissie heeft haar goedkeuring eraan gegeven. De hear Tuininga (FNP): De ffaksje krige de brief under eagen fan de hear Reitsma (ynkommen stik numer 6). Dy hat in plan foar eagen dat him tige oanstiet. It soe moai weze om de fytsers fan de Alvestedefytstocht troch Stiens (en it nije sintrum) te krijen. Der soe ris oer praat wurde moatte. Men kin miskien OVL derby beluke. Wethalder Keizer: As de tocht troch Stiens komt dan giet er net troch Aide Leije. Der soenen flaggen neffens de hear Reitsma wappeije moatte. Wiist derop dat net elkenien okkerdeis yn Jelsum flagge hat. De hear Tuininga (FNP): Men moat de kans net foarbygean litte. Miskien kin men der yn de kommisje oer neitinke wat men der mei dwaan kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 7