De hear Ketellapper (GBL): Nei oanlieding fan de opmerking fan de wethalder oer it flagjen: Hy hie tocht dat de doarpen wat strieljagers oerfleane litte soenen. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Vraagt aandacht voor de vergaande liberalisering van diensten (ingekomen stuk nummer 4). Zij wijst op bijvoorbeeld de ontwikkelingen bij de liberalisering van energiebedrijven die niet altijd voordelen opleveren. Het lijkt dat het behoorlijk veel effect zal hebben op de beleidsvrijheid van de gemeente op diverse terreinen. Is het college hiervan op de hoogte? Wat vindt de VNG hier van? Wethalder Keizer: Hy is net fan plan om nei Luik te gean. De aard fan de stikken wie sadanich dat it wat iensidich is. Men koe de VNG oer dizze saak noch net berikke, mar as der mear bekend is dan heart men dat. De riedsleden kinne fia de eigen politike kanalen omtinken oan de saak jaan. HAMMERSTIKKEN 7. Planskeafersyk Skierhusterwei 8 en 10 yn Jelsum De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 8. It opheffen fan de IZA-regeling De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 9. It feststellen fan 'e oardering gemeentlike basisadministraasje (GBA) De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 10. Wet ekstern klachtrjocht: nasjonale ombudsman De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. BESPREKPUNTEN 11. Feststellen fan de ynspraakoardering Ljouwerteradiel De hear Dijkstra (FNP): Is it net iens mei it foarstel fan it kolleezje neffens de bylage artikel 2, punt 3 under h. Artikel 11 is in swiere bestimmingsplanproseduere en it soe in frjemde saak weze dat boargers der net op ynsprekke kinne. Artikel 19 lid 1 is ek in swiere proseduere. De boarger moast neffens it ryk by de polityk belutsen wurde en no wurdt dat hjir unmooglik makke. De ried krijt faak yn in hiel let stadium ynformaasje as de boarger net ynsprekke kin. Dan is men gauris te let. Men wol de hearkommisje yn in bepaalde foarm behalde. Hy wol foar artikel 11 en artikel 19, lid 1 wol de gelegenheid fan ynspraak foar de boarger behalde. Derom stelt hy foar om punt h derut te heljen. Wethalder Keizer: De ferromming is al oanjun, want de hearkommisje is bleaun. It giet hjir allinne om de tarieding en net oer it fierdere stadium. De hear Dijkstra (FNP): Artikel 19 is altyd al in frijstellingsproseduere. It giet him om de undergrun sels. Wethalder Keizer: It giet hjir om de tarieding fan de frijstellingsproseduere. Wannear jout men de ynspraak? De ried kin dat oanjaan. De hear Dijkstra (FNP): De oare partijen hawwe der neffens him noch net goed nei sjoen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 8