Wethalder Keizer: Stelt foar om it yn de riedskommisje yngeander te besprekken en dan derop werom te kommen. De foarsitter: Concludeert dat hiermee punt 11 vervalt. 12. It asfaltearjen fan de Uniawei yn Stiens De hear Roosma (PvdA): De skiednis is fiij lang, mar men is der sels noch mar koart mei konfronteard. Yn de kommisjegearkomste wie men frij kritysk. It wie al lang bekend en men wurdt der no pas mei konfronteard. Der is in list mei diken mei prioriteiten fan asfaltearing. Wat is it plak fan dizze dyk? En werom moat dizze dyk foargean? Itselde jildt foar it 30km ferhaal. Der moatte blykber yn wurk mei wurk saken oanpakt wurde. Der is dus gjin jild om in ekstra ynfeksje oan in tal nedige saken te jaan. It undersyk nei de parkearbehoefte foar it sintrum kin konsekwinsjes hawwe foar de Uniawei en de iisbaan. Dan soe de saak der wer oer de kop moatte en dat is weismiten jild. De bus sil wer neist de dyk parkeare en dat is net in goede saak op in 30km dyk. Men soe ek nochris neitinke kinne oer in horizontale fersmelling. Men soe tinke kinne dat de buert ferlet fan de plannen hat. Mar de PvdA hat noait klachten heard. Men kin derom better wachtsje. It foardiel fan wurk mei wurk docht him yn in oar jier wol wer foar. 'Beter ten halve gekeerd dan ten hele gedwaald.' Men moat earst de prioriteiten feststelle. It parkearen op de Langebuorren en op de Uniawei is op dit momint krekt te gau om it ut te fieren. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Sy hat yn de kommisjegearkomste ek al oanjun dat it CDA net bliid mei de oanpak wie. Men wurdt under druk set. Ein augustus binne de ffaksjefoarsitters pas ynformeard wylst it yn february bekend wie. Sy hat heard dat de bydrage fan de undemimmers noch lang net binnen is. Men moat earst it iene ofineitsje en dan pas fierder gean. Kin de wethalder tasizze dat de gemeente it jild op in koarte termyn binnen hat? It oanbestegingsfoardiel mei hjirfoar net brukt wurde. As der gjin befredigjend antwurd komt dan is it foar it CDA 'over en uit.' De hear Ekas (GBL): De GBL-fractie is niet onverdeeld gelukkig met deze zaak. De twijfel is alleen maar groter geworden door de situatie van de begroting. De gemeente kan het niet meer betalen. Geld moet geleend worden en pas later vloeit het terug naar de algemene reserves. Hij vindt dat geen goede gang van zaken. Nu blijkt dat na gesputter van de raad er ineens 18.000 euro af kan. Het gaat voor zijn gevoel veel te snel. Is het allemaal noodzakelijk? Het wegdek ziet er redelijk uit en dat zal ook voor de ondergrond gelden. Men kan met een facelift misschien nog wel 5/6 jaar vooruit. Het gaat anders ten koste van andere wegen. De fractie van GBL is niet enthousiast over het voorstel. De hear Dijkstra (FNP): Hy hie yn augustus wat betinkingen by de fmansiering en de oanbesteging. Dan hat men it al oer de utfiering. It foartrajekt is lykwols it wichtichste. Der binne wol mear ferfolchtrajekten te betinken dy't oanslute op de Buorren. It jild moat eame weikomme en deroer wol er earst mear witte. De fmansiering moat earst run weze. It giet sa eefkes wat te hurd. Wethalder Keizer: It is yndied sa dat yn february it fundearringsundersyk wie. Men koe it net meinimme yn it sintrumplan omdat it ISV-projekt dermei yn de knipe kaam ('vervuiling'). It kolleezje hat besluten yn de simmer om it nei foaren te heljen en it te beteljen ut it asfaltfuns 2006. Tafallich waard er yn de fakansje fia in amtner gewaar dat soks net koe. Men mei in funs net negatyf utputte. Der bliuwt mar ien wei oer en dat is ut

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 9