Zijn wederhelft zal blij zijn omdat Bart nu meer tijd heeft voor huiselijke zaken. Hij biedt mevrouw Lageweg als dank een bloemetje aan. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Bart hat sawat 12 jier yn de ried fan Ljouwerteradiel sitten. Hy hie in goede ynbring oer hast alle underwerpen yn de ried en dat sil men seker misse. It debat wie libben en soms skerp. Mar nei offin giene de skerpe kantsjes der wer of. Sy hopet dat hy de ried en de gemeente net gau feijitte sil. Sy winsket him en syn frou it allerbeste ta yn it Hearrenfean. De hear Ketellapper (GBL): Hy refereart oan it begjin fan de partij. Dat wie in moaie tiid en it wie Bart op it liif skreaun om in programma op poaten te setten. It wie mei de ferkiezing in spannende tiid en nei de goede ferkiezingutslach moast men mei de polityk te set. It wie in libbene ploech en Bart koe de minsken mei in goede sfear by inoar halde. Der waard in protte experimenteard en oerlein. As hysels yn de ried oan it wurd wie waard er troch Bart kontroleard. As it te lang duorre krige er in wad under de stoel. Bart is tige punktueel. Dizze jun is dan ek swier omdat men syn ynbring yn de takomst misse sil. It wie in hiele toer om in kado foar Bart te betinken. Hy biedt him in sluf mei ynhald oan. Foar syn frou binne der as tank blommen. De hear Lageweg (GBL): Brengt iedereen dank voor de hartelijke woorden. Men hat faak de degens krust. Mocht er minsken yn it fjoer fan dat spul kwetst hawwe dan biedt er derfoar syn ekskuzes oan. Hy woe wol op de list, mar dan underoan, mar dat woe elkenien en sa skeat er nei boppen ta. It wie net sa dat er graach de ffaksjefoarsitter fan GB weze woe. As men alles klear hie, dan kaam Reitze bygelyks mei in enkete wer mei mei de klompen yn it spul. It wie dochs in prachtige tiid. De Skredyk lei der tige min by en it Waling Dijkstra-park wie net op oarder. Dy saken binne no oan de kant en derom kin er wol mei it wurk ophalde. Hy betanket it amtlik apparaat fia de hear Kingma foar de stipe dy't er der krige hat. Hy hopet dat elkenien syn best dwaan sil foar de gemeente en winsket elkenien in goede takomst. 19. Sluting De voorzitter sluit de vergadering om even na 0.00 uur. Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 1 desimber 2005. v de foarsitter. de griffier, (A.G.M.lRutten)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 22