De Aldlansdyk is gelykfliers makke, mar dat is op oare plakken dy't ek in tagongsrute binne net bard. Men moat ek nei de buorden sjen. Soe it kolleezje sjen kinne hoefolle buorden der fuort kinne? Wat is der geande mei de lanteamepeallen yn de Buorren? Der soe yn de Stienser Omroeper oer publiseard wurde kinne en ek oer wer't en hoe't it lyts leed oanmeld wurde kin. Hy hie ek fragen steld oer in stek by it Kleaster. As der neat oan dien wurdt, dan barre der ungemakken. It kolleezje soe mei in antwurd komme. Helje oars it aide stek derwei, wat no los tsjin de muorre stiet en sa mar omfalle kin. Wethalder Keizer: It lyts leed kin troch de hear Tuininga sels ek oanmeld wurde. Sa'n stikje oer hoe men mei lyts leed omgean moat, kin der komme; it is dan yn it foarste plak omearre foar dhr. Tuininga sels, want safolle detailfragen yn de ried stelle kin net mei sofalle minsken op de tribune. De antwurden op syn fragen kinne skriftlik oanlevere wurde. De hear Ketellapper (GBL): Men moat der weze as men wat foar de boarger betekenje kin. GB wol graach ynsicht hawwe yn it trajekt by de oanfraach fan in boufergunning. Hat de gemeente sels de kennis om de oanlevere konstruksjeberekkeningen te toetsen. Is derby in skieding te meitsjen tusken 'ienfaldige'en 'yngewikkelde' berekkeningen? As dat net kin dan moat de beoardieling buten de gemeente plakfine. Wat foar wetlike regels jilde derfoar? De oanfreger moat de kosten opbringe fan de kontrole op de konstruksjetekeningen. Kin it kolleezje oanjaan hoefolle kosten dat op jierbasis foar de oanfreger mei him mei bringt? Is it ek sinfol om yn G4-ferban ofspraken te meitsjen oer it beoardieljen fan oanfragen om dermei de kosten foar de oanfreger te drukken? Yn it bestimmingsplan foar it bedriuweterrein is opnommen dat der in ofstan tusken de bedriuwsgebouwen is fan 3m, wylst dat yn in ferlykber plan lm wie. De maat fan lm tusken de gebouwen is passender. Wol it kolleezje in wiziging fan it bestimmingsplan op dit punt yn tarieding nimme? Wethalder Keizer: Wol de earste fragen graach skriftlik beantwurdzje. Hy wit fan de winsk fan ien meter. Hy wol de achterlizzende motivaasje fan de 3m boppe tafel helje en as dat net nei't sin is, dan komt it kolleezje dermei nei de ried werom. De hear Doting (WD): De oanfraach fan in boufergunning kostet in hiel bedrach en der moat hiel wat foar regele wurde. Hy kin derom meifiele mei de opmerkingen fan de hear Ketellapper. 6, Feststelling fan it ferslach fan de gearkomste fan 3 novimber 2005 Mefrou Visser (PvdA): Bladzijde 2: Zij heeft tevens gezegd: 'het meest storende is dat er geen bedragen worden genoemd en men dus niet weet waarvoor een machtiging wordt afgegeven.' De hear IJkema (CDA): Bladzijde 14: Er moet staan: 'En horende de reactie van het college stellen GB en CDA voor een soberder personeelsbeleid te voeren.' In de onderste regel moet 'de motie' door 'het amendement' vervangen worden. Bladzijde 18: Hij zou nog een antwoord krijgen op de vraag over de reserves van het onderwij sbureau

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2005 | | pagina 10