De hear Ketellapper(GBL): Hy tinkt dat de hear Roosma de saak fan de hear Deelstra yn Britsum goed ferwurde hat. Men moat ek net te bang weze foar aktiviteiten. As men jin beheind fielt dan kin mei fia de wei fan it rjocht jins gelyk helje. As reaksje nei de FNP: Wannear docht men it as kolleezje dan wol goed? Oer de saak de hear Tienstra: De ried hat sein dat men by de hear Tienstra om de tafel moast. Dat is net goed gien en derom moat de sesje neffens him oer dien wurde. Wethalder Keizer: Omdat der nochal wat argewaasje wie oer de loads hat men it op dizze wize utfierd. De miljeukategory wurdt ynskat as kategory 2. De strook gran fan 2m slacht net op it rjocht fan paad mar op dat fan eigendom. De 18m is by de harksitting nei foaren kommen. Hy begrypt dat de mearderheid fan de ried it foarstel fan it kolleezje honorearje wol. Men moat noch wol besjen oft it oerflak nei 100m2 gean moatte soe. It giet net allinne om de stalling fan de wein mar ek om opslach. Wol de ried op 150m2 of 100m2 hanthavenje? Oer de saak fan De hear Tienstra: It is net dat hy net mei de hear Tienstra troch ien doar kin. It oanfreegjen foar it wettersportbedriuw jildt net allinne foar it wetter mar ek foar de kade. De knik yn de line dy't de jachthaven oanjout, foarmet gjin belemmering foar de trochfeart yn de opfeart. De boaten fan de hjoeddeiske lingte kinne der lizze. It kaartsje is de dei foar de riedsgearkomste troch BiigelHajema noch makke. De hear Roosma (PvdA): Hat de knik in relaasje mei it foarstel fan it kolleezje om fierderop de lisplakferoardering net ta te passen? Wethalder Keizer: Nee. It is de bedoeling dat de opfeart iepenbier wetter wurdt en dat de lisplakferoardering derop fan tapassing is. Fan it suden ut sjoen oant boks 35 ta kinne lisplaklcen oanwiisd wurde foar wettersportbedriuw Tienstra. It is gjin kwestje fan slikke of stikke. It wie foar de hear Tienstra unbesprekber. De wethalder hat noch oanbean om nei in earder foarstel werom te gean. Om tusken oktober en april de hiele wal wol te braken, mar ek dat wie foar de de hear Tienstra unbesprekber. De leden fan de Klompskippers hawwe ynstimd mei it iepenbrekken fan it hierkontrakt neffens de hear Tienstra. Hy nimt oan dat dat wier is, mar de leden hawwe wol sein dat men it allinne wol as der sprake bliuwt fan in unbelemmere utfeart lit de boksen en in unbelemmere trochfeart fan de opfeart. It kin foar him opnij besjoen wurde. Der leit gjin tiidsdruk op. De foarsitter: Schorst de vergadering voor 10 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering. Twadde termyn De hear Roosma (PvdA): It giet no blykber yn Britsum om in kategory 2 bedriuw. It is sa lytsskalich dat it neffens him te ferlykjen is mei kategory 1. As it allinne giet om opslach dan is foar de PvdA 150m2 akseptabel en se binne ek akkoart mei de hichte fan 5m. De jachthaven: Men hie de yndruk in pear wike lyn dat men der litkomme soe, mar no wurdt ynienen boks 35 yntrodusearre. Hy krijt de yndruk dat it der ynbrocht is neidat it kolleezje in petear han hat mei de Klompskippers. Op side 3 stiet: 'de Klompskippers herhalen de door hun aangedragen oplossing van het verbod tot het innemen van ligplaatsen ten noorden van box 35 en het toestaan van een aantal van vijf vaaruigen aan de zuidzijde.' Alles wat de ried earder sein hat, is blykber fergetten. Hy fynt dat soks net kin. De opdracht wie dudlik: Iepenbier wetter, lisplakken oant de Stienserfeart en de mooglikheid foar de bou fan in 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 18