De hear Roosma (PvdA): Men hie de wethalder frege oft hy ferlet hie fan in moasje. Der is in
moasje fan de partijen yn elkoar skood en deryn waard oantrune op bestjoerlik oerlis en de
mooglikheid fan in bepaalde ferkearsoplossing. De wethalder hie blykber al earder oerlis han
mei Deputearre Steaten of amtners. Der wurdt oan dat petear referearre. De PvdA hat syn
ynstimming ferliend oan de moasje omdat neffens de wethalder der gjin feroaring by de
deputearre wie oangeande de ferkearskundige opfettings. Dat femuveret de PvdA. Men wist
neat fan de reewilligens fan de provinsje of en men is dertroch op 'e ferkearde foet set. Op 6
febrewaris wie al bekend dat de provinsje meiwurkje woe as de gemeente mar mei in
takomstfisy kaam. As men dat witten hie op dat momint dan hie de moasje der wol buten
litten wurde kinnen.
De moasje fan de WD: De PvdA wol de Butenskilwei ek iepenhalde. Miskyn kin men yn
wurk mei wurk saken utfiere.
Voor de PvdA kan het bestemmingsplan vastgesteld worden met de gewijzigde kaart voor de
rotonde. Hopelijk lcomt de nieuwe ontsluiting van het bedrijventerrein niet op die plaats.
De hear Dijkstra (FNP): De FNP is akkoart mei it bestimmingsplan. In bedriuweterrein
kategory 3 kin moai meinommen wurde.
De hear Ketellapper(GBL): De wethalder hie op besite west by de provinsje en de gemeente
moast mei plannen komme. Op gran fan dy ynformaasje hat er doedestiids de moasje opsteld.
Hy hat de wethalder frege wannear't men in reaksje ferwachtsje kin en hy is bliid dat der no
positive luden binne. Hy kin wol ynstimme mei de moasje fan de WD.
Mefrou Haites (CD A): It CD A kin ynstimme mei it bestimmingsplan. De moasje fan de WD
is eins oerstallich.
Wethalder Keizer: Hy wurdt derfan beskuldige ynformaasje achterhalden te hawwen. Mar
men hie der earst net sa'n goed gefoel by. It amtlik apparaat hie op syk west nei in nij
bedriuweterrein en men hie by romtlike plannen (provinsje) beskikking krige oer it stik. Men
fun it ferstanniger om it mei elkoar te untwikkeljen. It is ynbrocht by de deputearre en dy hat
in posityf lud ofjun. De leste oerwaging yn de moasje liket him net sa ferstannich, want
Ljouwerteradiel hat al twa rotondes krigen.
De hear Doting (WD): Hy is it dermei iens dat dat punt der ut moat.
Twadde termyn
De hear Roosma (PvdA): De PvdA bliuwt derby dat men pas kennis hie fan de saak doe't it
by de stikken stie. It giet him dus om de ynformaasjeferstrekking fan it kolleezje nei de ried
ta. Deputearre Steaten freget om 'geloof in eigen kracht.' Hy begrypt dat it breed troch de
provinsje droegen wurdt. De ferkearsoplossing moat men meinimme yn it bestimmingsplan.
De bedriuwen en omwenners moatte mei de nije untsluting goed by har bedriuw/ hus komme
kinne en ek op it Noardwesttangint. It is in kombinaasje fan it litoefenjen fan drak op de
provinsje en it leauwen yn eigen kreft.
De hear Doting (WD): Hy is bliid dat de moasje riedsbreed stipe krijt en sil dat ek sa
utdrage.
De foarsitter: Stelt vast dat de motie raadsbreed ondersteund wordt en dat de wethouder er
mee uit de voeten kan.
17