Wethalder Visser: Iedereen die in aanmerking komt voor een uitkering krijgt een traject aangeboden waarbij men naar regulier werk teruggeleid wordt of naar vrijwilligerswerk verwezen wordt. De heer De Haan zal nog een antwoord op de andere vragen krijgen. De hear Ketellapper(GBL): Omrin is de leste tiid nochal yn it nijs. Mei wat foar opdracht hat it kolleezje har fertsjintwurdiger derhinne stjoerd? Hy hat ek wat lezen oer it stanplak fan fiskboer Sloterdijk, dert oer it fermelden fan sanksjes praat wurdt. Hat men wer problemen mei de fiskboer? By it advys oer it ofskied nimmen fan aldere wurknimmers stiet: 'afzien van het aanbieden'. Der skrikt er fan, want earder hie er der oare luden oer heard. Hy hie wat in raar gefoel by de sletten gearkomste oer de Hema. Neffens ynformaasje fan de VNG kin soks net. Der is net foldien oan de regels fan de gemeentewet. Der binne besluten nommen dy't dus net rjochtsjildich binne. Wethalder Haites: De opdracht foar de wethalder oangeande Omrin wie dat men in driuwend berop dwaan moast op de solidariteitsgedachte. It wie it idee fan de oare 30 fertsjintwurdigers om elkoar fest te halden. Der komt in brief fan de oandielhaldersgearkomste mei in berop op Smellingerlan om binnen de club te bliuwen. Mei de tasizzing dat der in eigen undersyk fan de gemeenten dien wurde 'sil oft de tariven ek leger kinne. Der is eins op de gearkomste allinne mar oer Smellingerlan praat. De direkteur fan Omrin hat tasein dat men ynformaasje jaan sil oan de wethalders sadat dy de riedsleden ynformeare kinne. De hear Ketellapper(GBL): It foel him op dat in tal gemeenten druk setten op de tariven. Hy fun it spitich dat de gemeente Ljouwerteradiel der net by siet. Wethalder Haites: Der wienen in tal gemeenten earder by elkoar kommen. It is wol oemommen troch de hiele gearkomste. Der wie in tydlik kontrakt mei in oare offalferwurker en derom hawwe in tal gemeenten derop oantrune om de tariven nochris te undersykjen. De hear Ketellapper(GBL): As de hiele provinsje it dwaan soe as Smellingerlan dan soe dat in stik goedkeaper weze. Wethalder Haites: Der is lykwols fierstente min kapasiteit foar. Boargemaster Ter Keurs: De opmerking naar aanleiding van de standplaats van de visboer had te maken met de problemen met de afvoer van afvalstoffen. De ondernemer moet zich houden aan de afspraken daarover in de vergunning. Afscheid nemen van oudere werknemers gaat enige tonnen kosten en daarom wil het college hierin niet verder gaan. Het college zal ruimte zoeken door in het voorstel voor de begroting geen nieuwe personeelsleden aan te stellen. De hear Ketellapper(GBL): It kin in winsk weze fan it personiel of fan achter de tafel wei. Boargemaster Ter Keurs: Het staat iedere werknemer vrij om de gemeente te verlaten. Hij is verrast door de laatste vraag van de heer Ketellapper over de vergadering van 20 juli. In deze besloten vergadering heeft het college de gevoelens van de raad gepeild.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2006 | | pagina 6