12. Oanfoljende bydrage projekt Noardelike Alvesteden farrute De hear Ketellapper(GBL): Siteart ut de krante in stik fan de PvdA. Deryn stiet dat men jild reserveare wol foar underhald. Mar de 6 ton is no al weromgien nei 340.000 euro. Men jout no 210.000 euro wei der't it jild noch foar komme moat. It tempo moat wat stadiger gean. De haven fan Britsum hat in hegere prioriteit en men hat ek omtinken frege foar in feilige fytsrute. It is net ferantwurde om it jild no beskikber te stellen. De hear Tuininga (FNP): As men A seit dan moat men ek B sizze en derom is de FNP foar. De hear De Kroon (PvdA): De hear Ketellapper sitearde in stikje fan de PvdA. De kosten foar it underhald kinne ut de utkearing fan de BNG betelle wurde. Dat is in frij sekere finansiering. Foar de Alvestederute moat men in dekking oanjaan. It is in ferstannich dat men in ferplichting oangiet foar de Alvestederute. Men hat it jild derfoar en dy set men sa lang yn de reserve. De hear Ketellapper(GBL): Der stiet yn it stik dat it kolleezje it hopet te beteljen fan de utkearing fan de BNG. It jild leit der dus no net. Men is dizze jun al 260.000 euro fan de 6 ton kwyt. De hear De Kroon (PvdA): It is in ferstannig beslut en der komt jild foar. It giet boppedat no oer it rinnende jier. Mefrou Wachter (CDA): Het geld ligt in reserve. Het geld hoeft in 2007 en 2008 niet uitgegeven te worden. Men krijgt er bovendien rente over. Het product Elfsteden doet het fantastisch en het CDA is er dan ook voor. De hear Pot (WD): Sluit zich daarbij aan. Wethalder Keizer: De PvdA neamt yn de krante in oantal saken der't de partij foar stiet. De hear Ketellapper lest selektyf. Oan 2010 hat men it bedrach rinteleas, mar men moat it yn 2009 wol frijmeitsje. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming. Er wordt conform het voorstel besloten. (GBL stemt tegen) 13. Konvenant Middelseegemeenten De foarsitter: Men wil de gevoelens van de raden meenemen. In het Bildt en in Ferwerderadiel is men er raadsbreed voor. De hear Tuininga (FNP): Men hat it trajekt jierren lyn ynset. Men moat it trochsette fanwegen de kansen dy't der lizze. Hy hat him wol steurd oan de gefoelens dy't der yn it Bilt binne. De foarsitter: Hij heeft van zijn collega gehoord dat de krant een verkeerde voorstelling van zaken heeft gegeven. De hear Dijkstra (FNP): De FNP bliuwt posityf foar de saak oer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 10