GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 21 desimber 2006 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju J. Ennour (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA), A. Wachter-van Veen (CDA), P.A.M. Slagter-Adelaar (GBL) en de hearen H. de Jager (CDA), J. Pot (WD), H. de Kroon (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), A. Elgersma (GBL), W.F. Ekas (GBL), M. de Haan (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear E.J. ter Keurs (boargemaster), de hear J.S. Keizer (wethalder), mefrou G.Visser (wethalder) en meffou F. Haites-Miedema (wethalder). Griffier: de hear A.G.M. Rutten. Mei kundskip ofwezich: mefrou M. Wagenmakers (PvdA) en de hear J.E. Keuning (CDA). 1. Iepening De voorzitter opent de vergadering. 2. Feststellen wurklist Op verzoek van de heer Ketellapper worden de hamerstukken 12 en 13 op de agenda bij de bespreekstukken geplaatst. 3. Ynsprekrjocht boargers Er hebben zich geen insprekers gemeld. 4. Fragehealoere riedsleden De hear Ketellapper(GBL): Hy hat moandei belle mei de wethalder oangeande fragen oer it sportkompleks Hy woe der mei de fraksjefoarsitters oer prate, want der wiene tsjinstridichheden. Men soe it op it fraksjefoarsittersoerlis oan de oarder stelle. Hy is no tige femuvere oer it petear fan woansdeitejun mei de fraksjefoarsitters. De partijen sizze dat sy achter de dingen dy't dien binne steane. Dat it net mear oars kin omdat it kontrakt by de notaris leit. Men komt de wurden net nei fan de kommisjegearkomste, want de gemeente woe dochs iepen stean foar oare mieningen? Seker derom sa gau nei de notaris foardat der in tafoeging komt. Tiisdei wie de gearkomste fan de tennisferiening. Hy is tige teloarsteld, want der binne hiel wat mooglikheden neffens him. Der sit gjin fisy achter it foarstel fan it kolleezje en it kostet de gemeente in protte jild. Der moatte jierliks tonnen foar it kompleks komme. Men moat der mei de ried oer prate. Hy fielt him by de poat nommen en hy fynt it spitich dat it sa bard is. Werom koe it mei de notaris net oan tongersdei wachtsje?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 13