Wethalder Haites: Alle punten dy't oandroegen binne, wurde ferwurke yn de statuten. Twa sesjes jouwe neffens har genoch tiid om ideeen oan te rikken. It is in folslein demokratysk nommen beslut. De hear Ketellapper(GBL): No leit der wer in papier foar him dat ek mei it sportkompleks te meitsjen hat. Der binne tsjinstridige saken. Hy woe oer it hiele kompleks prate. Wethalder Haites: Dat papier is eksakt it stik der't de fraksjegenoat fan de hear Ketellapper om freget. Oer de oare saak: De getallen yn de moasje wienen dus net unterjochte. Yn de earste jierren is der gjin romte om it te dwaan. De hear Ketellapper(GBL): Hy praat net oer it keunstgersfjild mar oer it ofstjitten fan in part fan it sportkompleks. It hat neat mei de tennisferiening te meitsjen. De hear Elgersma (GBL): It is moai dat men sa gau in antwurd krijt. Fan de WD hat men doedestiids de ffaach foarlein krigen om undersyk te dwaan nei it helber wezen fan in keunstgersfjild. Men soe by Tytsjerksteradiel ynformearje en yn april hat der in delegaasje fan Ljouwerteradiel west. Hy hie ferwachte dat de utkomst der al earder west hie. De getallen fan de hear Keuning wienen doe wierskynlik ek al bekend. Yn april wie it al troch Tytsjerksteradiel oan de gemeente trochdien, mar hoe kin it sa lang duorje foardat de sifers kamen? Oangeande it ynsidint yn it swimbad hat al in grut diel yn de krante stien. Hy giet derfan lit dat dy ynformaasje kloppet. Wethalder Haites: Dy ynformaasje yn de kranten kloppet yndied foar in grut part. It is spitich dat der net yn stiet dat it oan it swimbadpersoniel te tankjen wie dat der gjin slimme dingen bard binne. Dat skynt de sjoemalist gjin nijs te finen. Oer de sifers oangeande it keunstgersfjild: sy wit net werom't dat sa lang duorre hat. Soms moat men der mei de noas op drukt wurde. Sy hopet dat de hear Elgersma der bliid mei is dat de sifers no op tafel lizze. De hear Elgersma (GBL): Dat hie er al sein. De fjilden lizze der net sa florissant by. De haadtrainer fan de w Stiens haldt der derom spitigemoch mei op. Miskien kinne ferienings der sels ek wat jild by lizze. Binne der mooglikheden foar besuniging op it underhald fan de fjilden? De needsaak foar oanpak is grut. De hear Ketellapper(GBL): Hy sjocht no dat de wethalder wol terjochte de opmerking makke hat dat it gie oer de ynformaasje ut Tytsjerksteradiel wei. De hear Elgersma (GBL): Noch oangeande it swimbad: Regels binne regels en dy moatte opfolge wurde. Men is fierder wol akkoart mei it ferhaal yn de krante. De hear Ekas (GBL): De gemeente heefit een reglement van aanbesteding en in samenhang daarmee ook een protocol van oplevering. Na een jaar zou het reglement geevalueerd worden, wanneer vindt dat plaats?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 14