De hear Tuininga (FNP): It is de underfilling dat wat GBL wol by oare akkommodaasjes net wurket. By de ferhier fan in hal leit it faak oars. Der kin men oare eveneminten organiseare, mar dat kin foar de fjilden net. De FNP stimt yn mei it foarstel. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA hat de neiging om mei GBL mei te gean. Men moat der foar april/maaie utkomme wat men mei it sportkompleks wol. Der mei gjin fertraging foar de tennisferiening ut fuortkomme en de banen moatte wol renoveard wurde kinne. Hy wol dus earst de definitive diskusje oer it sportkompleks ofwachtsje. De hear Keuning (CDA): Fynt it spitich dat stanpunt te hearen. Der is in goed bedriuwsplan fan de tennisferiening en de erfpacht is neffens him goed regele. It CDA bliuwt derom by it foarstel. De hear Pot (WD): Sluit zich bij het CDA aan. Wethalder Haites: Der is earder praat troch immen oer de mooglike privatisearring fan it hiele sportkompleks. Dat hie men lykwols hielendal net frege. In privatisearring is dan absolut net oan de oarder. De foarsitter: Vraagt om een schorsing voor onderling overleg. Mefrou Wachter (CDA): Merkt op dat zij graag wil dat men elkaar niet telkens in de rede valt. Schorsing. De foarsitter: Heropent de vergadering. Wethalder Haites: Der hat berie west. Sy freget oft der noch fragen binne. De hear De Kroon (PvdA): Men wol nei it antwurd fan de wethalder noch wol de saak beprate kinne. Wethalder Haites: Men wit noch net wat men mei it sportkompleks wol. Privatisearring is tige kompleks, sa't bliken dien hat yn Menameradiel. As men de grun net yn erfpacht jout dan soe dat in minne saak foar de tennisferiening weze. De gemeente is boppedat fan it underhald of. De tennisferiening moat har sels mei it jild rede en dan hat men belang by de erfpachtkonstruksje. Docht de gemeente it net dat kostet it de gemeente in protte jild. De hear Ketellapper(GBL): Hy praat oer it hiele sportkompleks. De tennisferiening kin begjinne en de bank kin in garansje fan de gemeente krije. Men moat de saken suver halde. Menameradiel is in tige ferkeard foarbyld. Hy hat der begryp foar dat de PvdA der in limyt oan stelt. Hy wol graach witte hoe't de partijen deroer tinke. GBL stiet achter de garansje. Yn april/maaie moat men dan helderheid oer it sportkompleks hawwe. De tennisferiening kin fuort los. De hear Tuininga (FNP): Der hoecht hielendal net noch 4 moannen oer praat te wurden. It kin konfoarm it foarstel trochgean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 7