De hear Keuning (CDA): It is in underdiel fan it nije akkommodaasjebelied. Fynt ek dat it foar alle partijen better is dat it foarstel troch giet. De hear De Kroon (PvdA): De tennisferiening mei gjin stagnaasje oprinne. Dat wie ien fan syn foarwearden. Kin de tennisferiening net oan de gong as men de erfpacht ynlukt? Wethalder Haites: As de tennisferiening de grun net yn erfpacht hat dan krijt men gjin jild los fan de bank. As men wachtet oan april, dan is der samar in jier foarby. Dat is net earlik foar de tennisferiening oer. Soe de tennisferiening der foardiel by hawwe as in oar oer it kompleks giet? De hear Ketellapper(GBL): GBL freget allinne dat de ried har yn de kommende 4 moannen utsprekt oer it sportkompleks. De gemeente kin in garansje jaan foar it jild sadat de tennisferiening fuortdaliks los kin. De hear De Kroon (PvdA): Hy fynt de suggestje fan de bankgaransje in nuver ferhaal. As men de erfpacht utstelt en men komt der net ut dan hat men in probleem. Kin men wat betinke dat de tennisferiening per jannewaris los kin en dat men de erfpachtkonstruksje de kommende moannen beprate kin? De hear Tuininga (FNP): Yn it ferline hat men der nea foar west om grun te ferkeapjen. Dan is it finansjeel net mear feilich foar de klups. De gemeente moat derom fia de erfpacht de grun halde. De hear Ketellapper(GBL): As men de erfpacht regelje kin mei in untbindende foarwearde dan kin it wol. GBL wol de saak mei trije/fjouwer moannen helder hawwe. De hear Tuininga (FNP): Sa'n erfpachtkonstruksje mei in untbinende foarwearde soe dochs problemen opsmite kinne foar de hypoteek fan de klup as it misbeteart? De hear Ketellapper(GBL): As der wat barre soe dan wurde de minsken foar 100% skealeas steld. Der binne gjin risiko's oan ferbun. As de diskusje helderheid opsmyt dan krijt men in stik rest. De foarsitter: In het besluit komt het woord erfpacht niet voor. De hear Pot (WD): Het recht van opstal is een zakelijk recht om gebouwen of beplanting in eigendom te hebben of te verkrijgen. Mefrou Slagter (GBL): Het recht van opstal heeft inderdaad betrekking op het houden en in eigendom hebben van opstallen op grond van een ander. Het recht van erfpacht heeft betrekking op de grond zelf. De foarsitter: Het besluit moet zo gelezen worden dat het de intentie van de raad is dat het erfpacht wordt met opstal voor de gebouwen. De hear De Kroon (PvdA): Hy hie twa foarwearden steld. De tennisferiening moat yn jannewaris los kinne en men moat der yn de ried foar april/maaie ut weze. Oan de twadde foarwearde kin yn alle gefallen net foldien wurde en derom is de PvdA foar it foarstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 8