De hear De Kroon (PvdA): It kontingint sa't it no yn it plan fan Nieuwe Borg sit is te lyts. De PvdA hat derfoar ynset om de boargers by it plan te beluken. De ried stelt him te frijbliuwend op en hat te min frijheid om straks op it plan werom te kommen. De hear Ketellapper(GBL): Der is in beliedskader en in pro gramma fan easken feststeld. Mefrou Wachter hat de opstelling goed ferwurde. Men hie ek wol fuort ta stimming oergean kinnen. Mefrou Wachter (CDA): Bij leidend optreden hoort ook een zekere afstand en een zekere voorzichtigheid. Men moet in belang van de kwaliteit van de omgeving een bepaalde afweging maken. Goed werk moet op een moreel, ethische wijze worden uitgevoerd. Zij vertrouwt erop dat het gebeurt. De hear Tuininga (FNP): Der is skoften oer de plannen praat en men hat in protte berekkene. Men hat frege om mei in yntegraal plan te kommen. 55% goedkeape bou is fan belang foar de jongerein. Ek foar de alderein moatte der kansen weze om yn de gemeente te bliuwen. Der sil hiel wat ofhingje fan de underhannelingen mei de gemeente Ljouwert en de provinsje. De utwreiding fan Doniastate past goed binnen de winske untwikkelingen. De gemeente is wend oan de yntegraasje fan minder valide minsken. Soarchyntegraasje is troch Nieuwe Borg neamd. It moat keppele wurde oan gewoane rekreaasje. De hippyske sport is in sport yn opgong en hy tinkt dat it oanslaan sil yn Ljouwerteradiel. Ek Doniastate sil derfan profiteare kinne. De oanpak fan de Kletsefeart is goed om it sintrum berikber te meitsjen. De noardlike runwei sil ek nedich weze. De projektuntwikkelder en Doniastate kinne op de provinsje druk utoefenje. De FNP fynt it belangryk dat de omwenners fan it gebiet moatte goed heard wurde. De hear De Kroon (PvdA): Nimt de moasje fan de PvdA derby. De punten 2.1 oant en mei 2.4 komme oerien mei wat de FNP no seit. Hy soe punt 2.5 nochris taljochtsje kinne en dan soe de moasje nochris foarlein wurde kinne. De hear Tuininga (FNP): Der hat de FNP gjin ferlet fan, want de FNP wol de persintaazjes net definityf festlizze. De foarsitter: Brengt het voorstel in stemming om het in de besloten raadsvergadering van 18 januri 2007 genomen besluit te bekrachtigen. Alle raadsleden stemmen met het voorstel in. Brengt de motie van GBL in stemming (met de toevoeging na Hijum: 'en andere dorpen'). De motie wordt met algemene stemmen aangenomen. Brengt de motie van de PvdA in stemming. De motie wordt met 3 stemmen voor (fractie PvdA) en 10 stemmen tegen (fracties GBL, CDA, FNP en VVD) verworpen. De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 21.50 uur. Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomst fan 22 febrewaris 2007. 12. Slute foafsitter, drsHiJ. ter Keurs 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 13