keapje wolle, mar dit noch net betelje kinne. De gemeente en WoonBedrijf bringe elts in bedrach fan €50.000,- yn, en VROM ferdubelet dit bedrach. Mei dit bedrach fan €200.000,- kinne minimaal fiif starterslieningen fan maksimaal €40.000,- mooglik makke wurde. It utstel is om dizze lieningen beskikber te stellen foar keapstarters ut Ljouwerteradiel foar 16 nijbouwenningen oan de Lege Hearewei. Troch de starterliening wurde de keapwenningen better berikber foar keapstarters. Dit fergruttet de mooglikheden foar keapstarters om yn de eigen gemeente te bliuwen of werom te kommen. Hjirtroch kinne se foar de gemeente behalden of weromwun wurde. Ek kin de trochstreaming fan de hier- nei de keapsektor befoardere wurde. Boppedat bringt de kombinaasje fan de startersliening mei nijbou de trochstreaming op gong, wertroch it oanbod fan hierwenningen foar hierstarters tanimt. It ynstellen fan in startersliening is oantreklik, omdat VROM en WoonBedrijf bydrage, omdat it "Stimuleringsfonds Volkshuisvesting Nederlandse gemeenten" (SVn) de utfiering fersoarget en omdat it funs uteinlik werombetelle wurdt oan de gemeente. De kosten besteane ut de rinte dy't de gemeente misrint, ungefear €2.000,-jiers foar in perioade fan minstens trije jier. Ynlieding: Yn 2003 hat de gemeenterie diskusjearre oer it ynstellen fan in "revolving fund". Dit "herinzetbaar fonds" hald yn dat de gemeente jild tsjin geunstige betingsten litlient. It jild wurdt werombetelle oan de gemeente en kin eventueel op 'e nij ynsetten wurde. Alle fraksjes hawwe harren posityf utsprutsen oer it ynstellen fan sa'n funs en it ynsetten derfan foar de folkshiisfesting. De rie hat doe utsprutsen dat se in konkreet utstel fan it kolleezje ferwachtet. Dizze is der no yn de foarm fan de oardering. Yn understeande sil it begryp "startersliening" taljochte wurde en wurdt de wenningmerk fan de gemeente besprutsen. Dan sil der in utstel dien wurde foar in starterliening en wurdt besjoen wat dizze startersliening bydraacht oan de wenningmerk fan de gemeente. De startersliening In startersliening is in liening oan starters op de keapwenningmerk dy't harren yn steat stelt om it ferskil tusken harren maksimale hypoteek op basis fan harren ynkommen en de priis fan it hus dat se keapje wolle by te passen. Wolle minsken in hus fan €160.000,- keapje, mar kinne se mar €130.000,- betelje, dan kin in startersliening ferstrekt wurde fan (160-130) €30.000,-. De startersliening wurdt troch it "Stimuleringsfonds Volkshuisvesting Nederlandse gemeenten" (SVn) en de dielnimmende gemeente oanbean as oanfolling op de earste hypoteek. It ferskil mei de earste hypoteek is dat de startersliening meibeweecht mei it ynkommen fan de starters. De earste trije jier hoege sy gjin rinte en ofbetelling te beteljen. Demei kinne se nei draachkreft betelje, en uteinlik betelje se in merkkonforme rinte en oflossing. De rintiid fan in startersliening bedraacht 30 jier, mar de praktyk wiist ut dat der folle rapper werombetelle wurdt. Nei in oantal jierren is it nammentlik faak foardieliger om de earste hypoteek te ferheegjen en de startersliening werom te beteljen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 26