Foardielen De foardielen foar de keapstarters binne dat se earder en goedkeaper in hus keapje kinne. Se kinne de earste trije jier foardielich liene, en demei nei moatte se nei draachkreft betelje. Se kinne earder de oerstap meitsje nei in keaphus. It foardiel foar de gemeente is dat se har keapstarters behalde kin troch in oantreklik produkt oan te bieden. Boppedat komt der by trochstreaming fan ynwenners nei nijbou trochstreaming op gong, en komme der hierwenningen frij foar hierstarters. Neidielen In startersliening lost in tekoart oan goedkeape keapwenten net op. It soe derom better weze om goedkeape keapwenten te bouwen. In oar neidiel is dat de hypoteeklesten beheind wurde kinne, mar dat oare lesten dy't by in djoerder hus heare, gjin rekken halde mei it ynkommen. In leste neidiel is dat keapstarters troch mear te lienen yn it begjin fan harren wenkarriere minder maklik trochstreame nei in noch djoerder hus. It is lykwols oan de minsken sels om hjir oer te besluten. Sukses De startersliening is in sukses. Yn de juny 2006 wienen der 83 dielnimmende gemeenten. Yn de provinsje Fryslan binne der trije gemeenten dy't in startersliening ynfierd hawwe: de gemeente Dantumadiel, Hams en Gaasterlan-Sleat. It kolleezje fan de gemeente Ljouwert hat hjir ein 2005 fan of sjoen, omdat sy fun dat dit yn Ljouwert net needsaaklik wie fanwegen it gmtte oanbod fan goedkeape wenningen yn de sted Ljouwert. Omdat de regeling sa'n sukses is, hat VROM besluten om de bydragen fan gemeenten te ferdubeljen. Dit betsjut dat de kosten fan gemeenten foar de startersliening halvearre wurde. Risiko en de Nasjonale Hypoteek Garansje (NHG) De earste hypoteek en de startersliening wurde oanbean under Nasjonale Hypoteek Garansje (NHG). Dat betsjut dat het "Waarborgfonds Eigen Woningen" garant stiet. It risiko foar de gemeente is derom hast nul. Kosten De kosten foar de gemeente besteane lit de rinte dy't de gemeente misrint omdat it jild utliend is, benammen yn de earste trije jier. De kosten bedrage de earste trije jier ungefear €2.000,- jiers. Demei binne de kosten ofhinklik fan de draachkreft untwikkeling fan de starters. De utfiering fan de startersliening wurdt troch SVn fersoarge. De fergoeding derfoar bedraacht 0,5% jiers fan de ferstrekte lieningen. Mear oer de kosten tinder it kopke: "Utstel startersliening",Kosten Yn de neikommende paragrafen wurdt yngien op de wenningmerk fan Ljouwerteradiel en de bydrage dy't de startersliening leverje kin. Wenningmerk Ljouwerteradiel; it oanbod Yn dizze paragraaf wurdt stilstien by eigenskippen fan de oanbodkant fan de wenningen yn de gemeente. Wenningfoarried Op 1 jannewaris 2006 wie de gemeente 4.085 wenningen ryk, werfan ungefear 730 hierwenningen fan de korporaasje WoonBedrijf. De ferhalding keap-hier yn de gemeente is

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 27