Yn it stefdiagram is te sjen dat it oanbod tusken tige goedkeap en djoer wol aardich ferdield is oer de sub-priisklassen. Oanbod hierwenningen1 It oanbod fan hierwenningen is net op grun fan in momintopname op ynternet te fergelykjen mei de keapwenningen, omdat keapwenningen op ynternet stean bliuwe oant se ferkocht wurde, wylst hierwenningen nei in wike wer fan it ynternet helle wurde om de minsken dy't reagearre hawwe de gelegenheid te jaan de wenning te besjen. Wenningmerk Ljouwerteradiel: de fraach No bekend is wat it oanbod en de gearstalling fan de wenningfoarried yn de gemeente is, moat der sjoen wurde nei de fraach. Dizze wurdt oflaad ut it "Woningbehoefte Onderzoek Fryslan 2003" en ut de ynkommens fan de ynwenners fan Ljouwerteradiel. Ferundersteld wurdt dat as it ynkommen heger wurdt, minsken oer it algemien in kwalitatyf better en derom djoerder hus wolle. Wenwinsken WOBOF 2003 Yn it WOBOF fan 2003 stean de wenwinsken fan ynwenners fan Ljouwerteradiel beskreaun. Der docht ut bliken dat der in sekere fraachdruk is. De fraachdruk is de ferhalding tusken de fraach en it oanbod fan wenten. De fraachdruk yn Ljouwerteradiel lei foar de hier- en keapsektor yn 2003 gemiddeld op 1,67. Dit betsjut dat der in oanbodtekoart wie. Foar elke went dy't oanbean waard wienen der 1,67 minsken dy't der wol yn wenje wolle soenen. Yn oantallen betsjut dit dat yn 2003 der in lytse 500 wenningen frege waarden en der mar in lytse 300 wenningen oanbean waarden. Yn de keapsektor gong it benammen om in tekoart fan 115 (heal)frijsteande keapwenningen (fraachdruk: 1,84). Ynkommens As de ynkommens fan de ynwenners fan de gemeente Ljouwerteradiel fergelike wurde mei Fryslan en de Stedsregio, dan fait op dat Ljouwerteradiel in grutter oandiel hege ynkommens hat en in leger oandiel "lege" ynkommens. It oandiel ynkommens dertusken (€1.400 en €2.000) is yn Ljouwerteradiel ungefear like heech as yn de fergelikingsgebieten. 1 Boame: www.woneninfriesland.nl

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 30