Yn de gemeente wurdt neffens it WOBOF 2003 in protte skeefwenne. Oan de iene kant wennet twa tredde fan de saneamde "oandachtsgroep" net yn sosjale hierwenningen, en oan de oare kant wurdt 70 oant 80% fan de goedkeape en betelbere wenningfoarried bewenne troch minsken mei in heger ynkommen. Yn getallen haldt dit yn dat der fan de goedkeape/betelbere foarried fan 657 wenningen der tusken de 458 en 525 wenningen bewenne wurde troch minsken dy't nei ferhalding in te heech ynkommen hawwe. Ek lannelik wurdt in protte skeefwenne. Starters It WOBOF hat allinnich sjoen nei starters dy't noch thus wenje. Oantallen binne net bekend, fander dat hjir net fierder op yngien wurdt. Fraach en oanbod moetsje inoar; problemen op de wenningmerk? Yn de foargeande paragrafen is sjoen nei it wenningoanbod en de wenningfraach. Yn dizze paragraaf wurdt sjoen oft dizze ek oanslute. Opfallend is dat de helte fan de hushaldens oanwiisd is op in lyts part fan de keapwenningen. It is sa dat 50% fan de hushaldens yn de gemeente utslutend in hus fan minder as €163.665,- betelje kin, mar dat it oandiel keapwenningen yn de priisklasse oant €150.000,- mar 7% bedraacht. Dit komt oerien mei it oanbod fan keapwenningen op 14 novimber: 10% fan it oantal wenningen dat oanbean waard kostet minder as €150.000,-. Opfallend is ek dat de hiersektor lyts is en dat der in protte goedkeap skeefwenne wurdt. Goedkeap skeefwenjen kin in sinjaal weze dat de stap fan hier nei keap grut is. Men kin ommers ferunderstelle dat as men mear fertsjinnet, men ek mear kwaliteit betelje kin en wol. Utstel startersliening It utstel is om in keapstartersliening yn te stellen, mei as doelgroep minsken fan maksimaal 35 jier, dy't ien jier yn de gemeente wenje of wenne hawwe, en dy't foar it earst in keapwenning keapje. De wenningen der't men in starterliening foar krije kin binne 16 nijbou keapwenningen fan WoonBedrijf oan de Lege Hearewei mei in priis tusken de €175.000,- oant €200.000,-. De totale maksimale startersliening bedraacht 20% fan de totale keapkosten fan it hus; dit betsjut in maksimum fan €40.000,- De ynbring fan de gemeente bedraacht €50.000,- en wurdt troch WoonBedrijf en VROM ophege oant in bedrach fan €200.000,-. Der wurdt gjin maksimum ynkommen foar de starter feststeld. Taljochting keuzemooglikheden starterliening Puntsgewiis wurde de mooglikheden der't ut keazen wurde kin taljochte: - de doelgroep; - de wenningkategory; - de oankeapkostengrins; - de maksimale liening; - it beskikbere budzjet foar de startersliening; - it maksimale ynkommen (mei-inoar) fan de starter; - de wize fan finansiering fan it starterfuns. De doelgroep De doelgroep sil fansels de keapstarter yn of lit de gemeente weze. Under keapstarters wurdt yn dit stik ferstien: minsken dy't noch net earder in keaphus kocht ha. Fierdere easken binne: men 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 32