moat net alder weze as 35 jier en minstens in jier yn Ljouwerteradiel wenje of wenne ha. De omfang fan dizze groep is net bekend. Wol kin men de doelgroep yndiele yn trije kategoryen: 1hushaldens dy't yn Ljouwerteradiel in wenning hiere; 2. jongeren, dy't fan hus ut in hus keapje wolle; 3. persoanen of hushaldens, dy't ferhuze binne en hiere of yn wenje, en werom wolle nei Ljouwerteradiel; de "spijtoptanten" en minsken dy't net te plak koenen yn Lj ouwerteradiel De wenningkategory Utsteld wurdt om 16 keapwenningen fan WoonBedrijf oan de Lege Hearewei oan te bieden yn kombinaasje mei in startersliening. Troch de startersliening te kombinearjen mei nijbou komt de trochstreaming better op gong as troch in kombinaasje mei de besteande foarried. De oankeapkostengrins De maksimale oankeapkosten binnen gelyk oan de v.o.n. prizen fan de keapwenningen fan WoonBedrijf oan de Lege Hearewei. De prizen fan dizze wenningen sille tusken de €175.000,- en €200.000,- bedrage. De maksimale liening Utsteld wurdt om dizze fest te lizzen op 20% fan de v.o.n. priis. Dit is in gebruklik persintaazje, en boppedat it persintaazje dat VROM foar it ferdubeljen fan de ynlis as maksimum stelt. It oantal starterslieningen dat fan €200.000,- euro betelle wurde kin hinget fan de gemiddelde hichte fan de starterslieningen of. It meast wierskynlik sil in oantal fan tusken de fiif en tsien starterlieningen weze. Tabel. Oantal starterlieningen dat ferstrekt wurde kin by ferskillende gemiddelden Gemiddelde starterliening Op 'e nij yn te setten funs Oantal Starterlieningen dat lerstrekt wurde km* 35.000 200.000 5 30.000 200.000 6 25.000 200.000 8 20.000 200.000 10 15.000 200.000 13 nei under ta ofrune It beskikbere budzjet It utstel is om €50.000,- te reservearjen. Mei deselde bydrage fan WoonBedrijf en de ferdubeling fan VROM fan dit bedrach kin der foar €200.000,- oan lieningen ferstrekt wurde. By akkoard is it "toekenningsplafond", sa as yn artikel 5, lid 1 "Verordening VROM starterslening Leeuwarderadeel", €200.000,-. De grutte fan it bedrach is lestich om te underbouwen. It is ommers net bekend hoe grut de doelgroep is. Mei in bedrach fan €50.000,- is besocht in lykwicht te finen tusken in reedlik oantal lieningen en in bedrach dat de gemeente foar langere tiid misse kin. Mocht it bedrach gau utliend wurde, dan is de regeling in sukses. As der gjin belangstelling foar is, dan giet it jild werom nei de gemeente.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 33