It maksimale ynkommen fan de starter It is net needsaaklik om in maksimum ynkommen foar de keapstarters fest te stellen. Ommers, hoe heger it ynkommen, hoe minder startersliening men nedich hat. By in ynkommen €44.444,- kin men sels alle huzen under de €200.000,- betelje. De wize fan finansiering fan de startersliening De finansiering kin plakfine troch it nedige bedrach ut de algemiene reserve te reservearjen. Kosten De kosten foar de starterliening besteane ut de rinte dy't de gemeente misrint. De rinte dy't de gemeente krijt fan de "Bank Nederlandse Gemeenten" (BNG) bedraacht 4% jiers. De earste trije jier betelje de starters gjin rinte en oflossing; de rinte dy't men misrint yn de earste trije jier is maksimaal €6.000,-. Nei dizze trije jier is it lestiger om te berekkenjen wat de kosten binne. Dit hinget ommers fan de draachkreft untwikkeling fan de starters of. As der genoch draachkreft is, dan betellet men merkkonforme rinte en oflossing. De gemeente rint dan gjin rinte mear mis. Undersyk fan de SVn lit sjen dat fan de earste 80 starterlieningen, dy't yn 2002 ferstrekt binne, der 60 nei trije jier merkkonform werombetelle waarden. Foar de gemeente soe dit betsjutte dat der nei trije jier noch in bedrach utstean soe fan €12.500,-. Dit betsjut dat de kosten nei trije jier €500,-jiers binne. Tabel. Rinte dy't de gemeente maksimaal misrint by ferskillende senario's. Foar de ienfald wurdt der: a. gjin rinte oer rinte rekkene; b. wurdt der fanut gien dat alle starters tegelyk begjinne rinte en oflossing te beteljen; c. wurde de utfieringskosten fan 0,5% oer it oan starters utliende bedrach net meirekkene; d. wurdt it rinteferskil fan tegoeden by de SVn en de BNG net meirekkene. Senario Kosten earste trije jier Oantal jierren foardat men Kosten jiers Totale kosten merKKoniorm betelje kin Flugge senario 6.000,- 3 jier 2.000,- 6.000,- SVn praktyksenario 6.000,- 75% nei 3 jier 2.000,- Unbekend; €6.000,- plus €500 jiers nei de earste 3 jier Stadige senario 6.000,- 6 jier 2.000,- 12.000,- Tige stadige senario 6.000,- 9 jier 2.000,- €18.000,- De utfieringsfergoeding fan SVn bedraacht 0,5%. Foar de ienfald binne dizze kosten net opnommen yn de tabel. It giet om maksimaal 0,5% fan €200.000,- dus €1.000,- der't de gemeente de helte fan betellet, €500,-jiers. It jild dat oan de SVn yn behear jun wurdt, mar net utliend wurdt, kostet de gemeente ek ungefear 0,5% rinte. De SVn betellet nammentlik in legere rintefergoeding as de BNG (SVn: 3,52%; BNG 4%). As alle huzen ferkocht binne, sil bekend weze hoefolle der utliend is. Alle middelen dy't dan net utliend binne, kinne werom nei de gemeente, WoonBedrijf en VROM. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 34