De bydrage fan in startersliening oan de problemen op de wenningmerk fan de gemeente Troch de starterliening wurdt in grutter oandiel fan de keapwenningen berikber foar starters. Dit fergruttet de mooglikheden foar keapstarters om yn de eigen gemeente te bliuwen en kin de trochstreaming fan hier nei keap befoarderje. It probleem is dat it oandiel ynwenners mei in ynkommen tusken de €1.400 en €2.000 likegrut is as yn de Fryslan en de Stedsregio, mar dat it oanbod fan wenningen dy't sy betelje kinne lyts is. Troch in starterliening mooglik te meitsje op de sechtjin keapwenningen oan de Lege Hearewei, mei prizen fan tusken de €175- en €200.000,- wurde dizze berikber foar ynkommens fan ungefear tusken de €1.661,- en €1.958,- yn 'e moanne. Omdat in betingst fan de startersliening weze sil dat men noch net earder in hus kocht hat, sille de brukers fan de startersliening fan it alderlik hus ut of fanut in hierwenning in keapwenning beluke. Yn beide gefallen is dit geunstich foar de gemeente; de eigen ynwenners wurdt mear earmslach jun om hjir te keapjen, en der is kans dat der goedkeape/betelbere hierwenningen frijkomme. Dit liedt ta minder skeefwenjen en minder ferlies fan starters fan de gemeente oan bygelyks de gemeente Ljouwert. Foar in oersjoch fan huzeprizen, ynkommens en starterlieningen is neikommende tabel opnommen. Tabel. Huzeprizen en de derby hearende hypoteken en ynkommens mei starterslieningen fan 20% Priis hus It (byinoar) ynkommen dat minimaal nedich is om it hus te keapjen mei in maksimale starterliening* Ynkommen skjin yn 'e moanne De maksimale startersliening (20% fan de keappriis) le hypoteek 200.000 35.600 1.958 40.000 160.000 190.000 33.800 1.859 38.000 152.000 180.000 32.000 1.760 36.000 144.000 170.000 30.200 1.661 34.000 136.000 160.000 28.400 1.562 32.000 128.000 150.000 26.700 1.469 30.000 120.000 *de ynkommens binnen smoarch jiers; alles is ofrune op hunderttallen; der wurdt utgien dat men in hypoteek nimme kin fan 4,5 kear it ynkommen smoarch jiers Ferfolchaksjes: By akkoard moat der €50.000,- oermakke wurde nei it SVn, dy't de utfiering fan de startersregeling fersoarget. Ferskillende partijen sille op de hichte brocht wurde moatte fan de regeling; de SVn hat in model kommunikaasjeplan opsteld. Dit sil brukt wurde as basis foar de kommunikaasje. As de oardering op 22 febrewaris goedkard wurdt, dan kin it produkt ek oanprizige wurde fan 1 oant en mei 4 maart op de Woonbeurs yn it FEC. Finansjele taljochting: It bedrach fan €50.000,- sil te leste brocht wurde fan de algemiene reserve. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 35