Utfieren dfhanneljen: De utfiering leit by it SVn. Evaluaasje: Mei regelmaat sil besjoen wurde hoe't it giet mei de ferkeap fan de 16 nijbouwenningen en wa't gebruk meitsje fan de starterliening. Nei in jier, mar yn alle gefallen as de 16 wenningen ferkocht binne, sil it op 'e nij yn te setten funs evaluearre wurde. Kommisje: Der binne fragen yn de riedskommisje steld. Nei oanlieding derfan binne ferbetterings yn it stik oanbrocht. It stik is net ynhaldlik feroare. De skriftlike fragen om oanfoljende ynformaasje binne hjir under kursyf printe opnommen, mei de antwurden fet printe derby. 1. Side 2 leste rigel Sitaat: "Nei in oantal jierren is it nammentlik faak foardieliger om de earste hypoteek te ferheegjen en de startersliening werom te beteljen Werom is it werom beteljen fan de startersliening dan faak foardieliger? De starterliening is in liening op annui'teitenbasis. Men betellet alle moannen ferplicht in fest bedrach. Banken kinne mear produkten oanbiede, bygelyks in oflossingsfrij part of in belizzingshypteek. De starters kinne sa harren moanlikse lesten ferleegje. 2. Fait de ekstra rinte dan noch wol under de hypoteekrinte oftrek at je de earste hypoteek letter ferheegje? Ja, hypoteekrinte kin men dfluke. 3. Moat der gjin ferplichte algehiele oflossing fan it startersfuns regele wurde sadree 't men genoch ynkommen hat? At net ien fersneld oflost, mar allinne merkkonform yn 30 jier oflost is der hast gjin revolving fund mar moat mooglik noch wol de 0,5 fergoeding oan SVn betelle wurde? Nee, dit is net nedich want undersyk hat bliken dien dat starters yn 75% fan de undersochte gefallen nei trije jier yn ien kear dflosse. Boppedat past in ferplichte oflossing net yn it produkt dat de SVn biedt. 4. De starter sliening wurdt beheind ta 35 jier. Dat liket op leeftiidsdiskriminaasje. It kin ek lestich weze by grinsgefallen; bygelyks at ien fan de partners 35 is en de oare 36. Kin dy grins fan 35 jier der net ut? De oanfreger fan de starterliening moat op it momint fan oanfreegjen 35 jier of jonger weze. By twivel kin de gemeente de regels soepel tapasse. Dit fynt de SVn gjin probleem en de presedintwurking is beheind omdat it om in beheind oantal wenningen giet, dy't op in bepaald momint ferkocht weze sille. De grins fan 35 jier komt by starterlieningen faak foar. Hoe heger de leeftyd, hoe stadiger de ynkommensstiging en hoe langer it duorret foardat men begjinne kin mei dfbeteljen en hoe langer it duorret foardat it funs op 'e nij bestemd wurde kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 36