Boppedat kin de starterliening op dizze manier rjochte wurde op jonge minsken, dy't de gemeente sa better festhalde kin. 5. Wurdt de startersliening troch de notaris festlein? Ja, fan de liening wurdt in notariele akte opmakke. De startersliening is in hypoteek. De starterliening is in degelik produkt, dat yn mear as tachtich gemeenten oanbean wurdt. 6. Moatte starters ek in fersterrenfersekering ofslute? Ja, de earste en twadde liening moatte under de HHG garansje ferstrekt wurde. Der heart in ferstjerrenfersekering by. As by ferstjerren net mear oan de moannelesten foldien wurde kin, dan wurdt it hus ferkocht. De earste hypoteek wurdt dermei oflost. Wat oerbliuwt giet nei de twadde hypoteek, yn dit gefal de SVn dy't it jild foar de gemeente beheart. As dit te min is, dan komt der in bydrage ut de ferstj errenfersekering. Advys oardiel: Besprekke yn de riedsgearkomste fan 22 febrewaris. Bylagen: "Verordening VROM starterslening Leeuwarderadeel", Gemeentelijke Uitvoeringsregels VROM Starterslening", folder SVn; folder keapwenningen Lege Hearewei yn Stiens Stikken dy't op besjen lizze: Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, De siktaris de boargemaster JJ. KINGMA E.J. TER KEURS

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 37