De hear Tuininga (FNP): Hy soe foar de simmer de saak beprate wolle. De hear Elgersma (GBL): GBL hat in tal wiken lyn al nei foaren brocht hoe min oft it wie. Hat der al in undersyk west? It leit oan it achterstallich underhald. Wat is der oars oan it foarstel fan de FNP? De hear Tuininga (FNP): It giet him om it totale ferhaal. It giet ek oer ien of twa keunstgersfjilden en de finansiering. Der moat men sa gau mooglik oer prate. De foarsitter: Wat is het verschil met de motie van GBL geleden? De hear Tuininga (FNP): De klups wolle ek stean foar de rintelesten as it nei foaren helle wurdt. Men moat der foar de simmer oer prate. De hear Elgersma (GBL): De moasje is net samar troch GBL dellein. Wat de FNP no neamt, hat ek doe oan de oarder west. It is spitich dat it 4 wike lyn net bard is. De hear Ketellapper(GBL): De oare partijen woenen it de oare kear nei de foarjiersnota ferskowe. Fan de kant fan GBL mei men der no wol mei oan de gong. Wethalder Haites: It kolleezje is oertsjuge fan de eamst fan de situaasje. It is net wier dat der noait wat oan de fjilden dien is. De FNP wol it wer besprekber meitsje. It kolleezje wol it beluke by de behanneling fan de begrutting fan 2008. Der is al oerlis mei de klups. Dy hawwe oanjun wer't ferlet fan is. De gemeente wol it, ek yn it ramt fan it akkommodaasjebelied, yntegraal en soarchfaldich oanpakke en der is tiid foar nedich. Sy kin net tasizze dat it foar de simmerfakansje allegearre dudlik is. De hear Tuininga (FNP): Is bliid mei it antwurd. It soe moai weze dat men oan it begjin fan it nije seizoen der gebruk fan meitsje kin. De hear Elgersma (GBL): Is bliid mei de tasizzing. It probleem wie dus wol bekend. Dy konstatearring femuveret him. Wethalder Haites: De problematyk is fan alle kanten it kolleezje under eagen brocht. De fjilden lizze der yndied net moai by. De hear Elgersma (GBL): Hy hat sein dat der fierstente min oan it underhald dien wurdt. Hy hopet dat der no mei faasje wat oan dien wurdt. De hear Tuininga (FNP): De problemen mei de roeken om tsjerke hinne: der binne tuzenen. It terrein is eigendom fan de tsjerke en men hat mei natoerbeskermingsregels te meitsjen. In fatsoenlike begraffenis skynt lykwols hast net mooglik te wezen. Kin men by de provinsje om untheffing freegje? Boargemaster Ter Keurs: Het zijn volgens hem kauwen en geen roeken. Je kunt nesten verplaatsen, maar de rest blijft dan gewoon zitten. De kerkvoogdij is eigenaar van de bomen. De gemeente is dus geen probleemeigenaar en heeft er bovendien geen geld voor. De valkenier (kosten zo'n 5.000 euro) kon het hele probleem niet oplossen. De enige oplossing is het kappen van de bomen. Als men vindt dat de gemeente het probleem moet oplossen dan zal het veel geld kosten. De vogels zijn uitermate goed beschermd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2007 | | pagina 5